close
Springe nei ynhâld

Boarstfin

Ut Wikipedy
De boarstfinen fan in koi (omsirkele).

In boarstfin of pektorale fin ("pektoraal" is it wittenskiplike eigenskipswurd dat ferwiist nei de boarstkas) is in fin dy't by fisken en beskate yn see libjende sûchdieren (te witten: walfiskeftigen) op it plak sit dêr't oare bisten de foarpoaten en minsken de earms hawwe. Krekt as foarpoaten of earms komme boarstfinnen altyd yn pearen foar. Se sitte oan wjerskanten fan it lichem, deunby de kop en tichter by de ûnderkant as by de rêch. De boarstfinnen fan walfiskeftigen wurde ek wol flippers neamd.

In bysûndere funksje fan boarstfinnen, dy't guon fisken sterk ûntwikkele hawwe, is it kreëarjen fan 'e dynamyske stiichkrêft dy't bygelyks haaien helpt by it behâlden fan 'e juste djipte en dy't fleanende fisken helpt by it "fleanen" (eins sweven). By in soad fisken tsjinje de boarstfinnen ek as "poatsjes" by it rinnen op 'e boaiem fan oerflaktewetters of soms sels op it drûge, lykas by de slykspringers (Oxudercinae).

By strielfinnigen kinne beskate strielen fan 'e boarstfinnen oanpast wêze ta "finger"-eftige útsteksels, lykas by knoarhoannen (Triglidae) en fleanende knoarhoannen (Dactylopteridae). By roggen wurde boarstfinnen brûkt foar fuortbeweging. De "hoarnen" fan manta's (de grutste roggen) en harren neiste sibben hjitte kopfinnen of sefalyske finnen, en binne eins in oanpassing fan it foarste diel fan 'e boarstfinnen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.