Iisbear
| iisbear | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ursus maritimus | ||||||||||||
| Phipps, 1774 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
fersprieding yn see |
De iisbear (wittenskiplike namme: Ursus maritimus) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e bearen (Ursidae) en it skaai fan 'e echte bearen (Ursus). Dit bist komt foar yn it Noardpoalgebiet en is maklik fan oare bearen te ûnderskieden troch syn tsjûke wite pels. It is it grutste libbene lânrôfdier fan 'e wrâld. It is ek de iennichste hyperkarnivoare bear, mei't it dieet fan oare bearen foar mear as de helte út plantaardich materiaal bestiet, dat yn it ferspriedingsgebiet fan 'e iisbear net foarhâns is. Ynstee hat de iisbear him spesjalisearre yn 'e jacht op seesûchdieren. De iisbear is in solitêr libjend deidier, dat gâns seksuele dimorfy fertoand mei't de wyfkes folle lytser binne as de mantsjes. De measte iisbearen binne it jier rûn aktyf; inkeld drachtige wyfkes hâlde in wintersliep. Tsjintwurdich stiet de iisbear as soarte ûnder druk troch de klimaatferoaring, dy't in flugge ôfname feroarsaket fan it see-iis dêr't dit bist foar in grut part ôfhinklik fan is om syn proaien berikke te kinnen. De IUCN klassifisearret de iisbear dêrom as kwetsber, it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid
Taksonomy en evolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sweedske biolooch en taksonoom Carolus Linnaeus klassifisearre de iisbear yn 1758 yn 'e tsiende edysje fan syn Systema Naturæ as in ôfwikende populaasje fan 'e brune bear (Ursus arctos) ûnder de namme Ursus arctos albus-major, arcticus. It wie de Ingelske marine-ofsier en ûntdekkingsreizger Constantine John Phipps, 2e baron Mulgrave dy't dit bist yn 1774 foar it earst beskreau as in selsstannige soarte nei't er yn 1773 lieding jûn hie oan in ekspedysje yn 'e rjochting fan 'e Noardpoal. Hy joech de iisbear de wittenskiplike namme Ursus maritimus, wat letterlik "seebear" betsjut.
Letter pleatsten beskate oare taksonomen, lykas Theodore Knottnerus-Meyer, de iisbear omreden fan syn oanpassings oan it libben op iepen see yn in eigen monotypysk skaai, dat Thalarctos neamd waard (in gearlûking fan twa Grykske wurden: thalassos, "see", en arktos, "bear"). Mar tsjintwurdich wurdt de iisbear rûnom erkend as in jildich lid fan it skaai fan 'e echte bearen (Ursus). Binnen dat skaai is er it naust besibbe oan 'e brune bear, wêrmei't er fruchtbere neikommelingen produsearje kin.
Evolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fossilen fan iisbearen binne seldsum. It âldste fossyl fan dizze soarte is in ûnderkaak fan 130.000–110.000 jier âld, dy't yn 2004 fûn waard op it eilantsje Prins Karls Forland yn it westen fan 'e ta Noarwegen hearrende Arktyske arsjipel Spitsbergen. Yn 'e njoggentjinde iuw ûntstie de teory dat de iisbear in direkte ôfstammeling wêze soe fan in populaasje fan 'e brune bear (Ursus arctos) dy't ûnder de Foarlêste Glasiaal (347.000–130.000 jier lyn) troch gletsjers isolearre rekke yn Alaska en/of it Fiere Easten fan Sibearje. De útkomsten fan ûndersiken nei it mitogondriaal DNA fan 'e bisten út 'e 1990-er en 2000-er jierren ûnderstipen it idee dat de iisbear fan 'e brune bear ôfstamje soe. In ûndersyk út 2010 rûsde dat de iisbear omtrint 150.000 jier lyn as soarte ûntstien is.

Guon populaasjes brune bearen blieken sels nauwer besibbe te wêzen oan 'e iisbear as oan oare populaasjes brune bearen. Dêrby gie it benammen om 'e Sitkabear (U. a. sitkensis), in ûndersoarte fan 'e brune bear fan it Admiraliteitseilân, Baranof en Chichagof yn 'e Aleksanderarsjipel fan Súdeast-Alaska. Lettere ûndersiken dêrnei brochten oan it ljocht dat dy nauwe genetyske sibskipsbân it resultaat wie fan krusings tusken de beide soarten op dy eilannen yn 'e Lêste Glasiaal (105.000–11.700 jier lyn), doe't dêr blykber in populaasje iisbearen isolearre rekke wie fan 'e rest fan 'e soarte. In oare populaasje brune bearen dy't him blykber in protte mei iisbearen fuortplante hat, wie de prehistoaryske (no útstoarne) brune-bearepopulaasje fan Ierlân, dy't foar 211/2% iisbeare-DNA hie.
Utkomsten fan lettere, mear yngeande ûndersiken sprieken lykwols de teory tsjin dat de iisbear in direkte ôfstammeling fan 'e brune bear is. Ynstee is der in rivalisearjende teory oppenearre dy't hawwe wol dat de iisbear en de brune bear nau besibbe sustersoarten binne, dy't allebeide ûnôfhinklik faninoar fuortkomme út deselde lêste mienskiplike foarâlder. In ûndersyk út 2012 lei it ûntstean fan 'e iisbear as selsstannige soarte op 600.000 jier lyn, wylst in ûndersyk út 2022 hawwe woe dat de iisbear al mear as 1 miljoen jier bestie.

Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e iisbear leit yn 'e Arktis, dêr't dit bist waarnommen is oant op 25 km ôfstân fan 'e Noardpoal. Iisbearen libje sawol op lân as yn 'e see, hoewol't se yn it lêste gefal net sûnder in beskate mjitte fan see-iis kinne. Op lân komme se foar by de kusten lâns fan Alaska fan 'e Yukon-Kuskokwimdelta fia it Sewardskiereilân, it eilân St. Lawrence en de Pribilofeilannen nei it noarden en dan by de Noarderbedelte lâns nei it easten. Yn Kanada libje se oan 'e kusten fan 'e Yukon, de Noardwestlike Territoaria en Nûnavût, op alle eilannen fan 'e Kanadeeske Arktyske Arsjipel, by de kusten fan 'e Hudsonbaai en de Jamesbaai lâns, op it Ungavaskiereilân yn noardlik Kebek, en teffens yn Labrador. De fersprieding berikt syn súdlikste punt wrâldwiid op it eilân Nijfûnlân en yn it oerseesk gebietsdiel fan Frankryk Sint-Pierre en Miquelon, fuort besuden Nijfûnlân.
Fierder nei it easten ta folget de fersprieding op lân alle kusten fan Grienlân, de Arktyske arsjipel Spitsbergen, dy't ta Noarwegen heart, en dan de noardlike kustregio's fan Jeropeesk Ruslân fan it Kaninskiereilân nei it easten ta. Iisbearen komme ek foar op Nova Sembla en de Sibearyske eilannen, lykas de Noardlân, de Nijsibearyske Eilannen en Wrangel. Op it fêstelân fan Jeraazje folget it ferspriedingsgebiet in brede stripe by de noardkust fan Sibearje lâns, dy't yn it Russyske Fiere Easten ek it Tsjûkotkaskiereilân en Kaap Navarin oan 'e súdkant fan 'e Golf fan Anadyr omfettet. Wat de fersprieding op see oanbelanget, komme iisbearen winterdeis foar yn frijwol de hiele Noardlike Iissee en alle râneseeën dêrfan, oant en mei de noardlike Beringsee yn it Fiere Easten en de eastlike Saint Lawrencebaai by Nijfûnlân.

Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De iisbear is de grutste libbene bearesoarte, en teffens it grutste libbene lânrôfdier, hoewol't beskate ûndersoarten fan 'e brune bear (Ursus arctos), spesifyk de Kodiakbear (U. a. middendorffi), de iisbear datoangeande nei de kroan stekke kinne. Der bestiet by de iisbear oansjenlik wat seksuele dimorfy wat lichemsgrutte en -gewicht oanbelanget. Mantsjes hawwe trochinoar in kop-romplingte fan 200–250 sm en in gewicht fan 300–800 kg. Wyfkes binne in hiel stik lytser en lichter, mei in trochsneed kop-romplingte fan 180–200 sm en in gewicht fan 150–300 kg, hoewol't in wyfke dat drachtich is en harsels fet fretten hat krekt foar de wintersliep wol 500 kg weagje kin. It gewicht fan sawol mantsjes as wyfkes fluktuëarret sterk geandewei it jier en kin wol mei 50% omheech en omleech gean. De swierste iisbear dy't ea dokumintearre is, wie in mantsje dat yn 1960 by Kotzebue yn noardwestlik Alaska sketten waard, en dat in gewicht hie fan 1.002 kg, oftewol rom in ton. De sturtlingte is by beide geslachten 7,6–12,6 sm. De skofthichte fan in folwoeksen iisbear is likernôch 130–160 sm. As in folwoeksen iisbear him op 'e efterpoaten oprjochtet, is er 2.40–3.00 m lang. It grutste eksimplaar dat ea dokumintearre waard, berikte yn dy posysje in lingte fan 3.70 m.
Yn ferhâlding ta de nau besibbe brune bear hat de iisbear in rankere lichemsbou, mei in smellere, plattere en lytsere plasse, in langere hals, en in legere skouderbulte. Yn profyl bûcht de snút lichtsjes nei ûnderen ta, en der wurdt dêrom wol sein dat iisbearen in kromme noas hawwe. Har rooksin is tige skerp, en spesjalisearre foar it rûken fan proaien oer lange ôfstannen. It gebit fan in iisbear bestiet út 34–42 tosken, wêrûnder 12 snijtosken, 4 hoektosken, 8–16 foarkiezzen en 10 kiezzen. Tusken de hoektosken en de foarkiezzen yn sit in grut diasteem (spjalt) yn it gebit, mooglik om't it bist dêrtroch syn proaien djipper bite kin. Om't de iisbear ornaris bisten bejaget dy't folle lytser binne as dat er sels is, hat er net in bysûnder krêftige byt. De poaten fan iisbearen binne bûtenproporsjoneel grut yn ferhâlding ta it lichem, wat helpt om net of net al te djip yn snie wei te sakjen. De poaten binne mear behierre as by oare bearesoarten, wat sawol helpt om se waarm te hâlden yn it poalklimaat, as om in bettere gryp te krijen op iis. De kromme klauwen binne lyts mar gemien skerp en wurde sawol brûkt om proaien beet te gripen as om sels út 'e see wei op it iis te klimmen.
De eagen sitte by de iisbear deunby de boppekant fan 'e kop, sadat se dy by it swimmen net fier út it wetter hoege te tillen en sjoch om har hinne. Yn ferhâlding ta har lichemsgrutte binne de eagen frij lyts, wat mooglik in adaptaasje is om minder lêst fan stosnie en snieblinens te hawwen. It gesichtsfermogen fan iisbearen is digromatysk en mist de kegeltsjes foar it sjen fan middellange weachlingten. Dat betsjut dat se read en blau sjogge, mar gjin grien. Se hawwe in protte steafkes foar it sjen yn griistinten, en dêrtroch sjogge se poerbêst yn it tsjuster. De earen binne lyts, sadat iisbearen fia dy wei net tefolle lichemswaarmte ferlieze. Ek beskermet it tsjin befriezing fan 'e earen. It gehoar fan iisbearen rint fan 11,2–22,5 kHz. Dat is in breder frekwinsjeberik as men ferwachtsje soe, yn acht nommen dat har proaien oer it algemien inkeld lûden yn lege frekwinsjes meitsje.
De pels is opboud út ticht ûnderhier fan sa'n 5 sm lang en mear iepen boppehier mei in lingte fan likernôch 15 sm. De boppehierren binne hol, sadat se in isolearjende mantel foarmje wêryn't lichemswaarmte fêstholden wurdt. By it swimmen jout it lucht fêsthâldende boppehier de bisten ek in goed driuwfermogen. De pels fan iisbearen is wyt troch de ôfwêzigens fan pigminten, mar kriget wat langer wat mear in gielige kleur neigeraden dat er mear bleatsteld wurdt oan direkt sinneljocht. By it ferhierjen kriget de pels, foar in skoftke, syn oarspronklike sniewite kleur wer werom. It wite hier is oerdúdlik in evolúsjonêre adaptaasje oan it biotoop dêr't iisbearen libje, mei't wyt dêr in skutkleur is dy't weiwurdt tsjin 'e eftergrûn fan snie en iis. De hûd fan 'e iisbear is swart, sa't te sjen is op 'e plakken fan syn lichem dêr't gjin hier groeit: de noas en de lippen. Swartens nimt sinneljocht op, dat salang't de sinne skynt, kriget in iisbear gjin kâlde noas. Under de hûd hawwe iisbearen in laach fan 5–10 sm fet, dat harren fierder fan 'e kjeld isolearret en har lichemstemperatuer op in fêste 36,9 °C hâldt, ek al leit de temperatuer fan har om-en-by fier ûnder nul.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It biotoop fan 'e iisbear is de poalstreek, spesifyk by de Noardpoal. Dêropta libje iisbearen simmerdeis faak op 'e toendra by de kusten fan 'e Noardlike Iissee en syn râneseeën lâns. Winterdeis libje se foar it meastepart op it see-iis dat dan de Noardlike Iissee bedekt. Dizze soarte is ôfhinklik genôch fan 'e see om foar in seesûchdier oanmurken te wurden.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fuortbeweging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iisbearen hawwe gjin fêst territoarium. It binne swalkers dy't yn in jier tiid in gebiet trochkruse kinne mei in oerflak fan mar 3.500 km² oant wol 38.000 km². Ofhinklik fan 'e tastân fan it iis kin in iisbear deis trochinoar in ôfstân fan 12 km ôflizze. Iisbearen bewege har fuort troch te rinnen of te fjouwerjen, mar se drave dogge se net. By de fuortbeweging steane de teannen fan 'e foarpoaten wat nei binnen ta, d.w.s. dy wize skean yn 'e rjochting fan 'e oare foarpoat. Iisbearen rinne mei in trochsneed faasje fan 51/2 km/h. Har topfaasje by it fjouwerjen leit op likernôch 40 km/h. It binne earsten swimmers; yn it wetter hawwe se in maksimumfaasje fan 6 km/h. Ut in Kanadeesk ûndersyk út 2012 bliek dat iisbearen trochinoar 3,4 dagen efterinoar swimme kinne en dêrby 154,2 km ôflizze kinne. Se kinne ek wol 3 minuten lang dûke ear't se wer boppe komme moatte om te sykheljen. By it swimmen wurde de brede foarpoaten brûkt om mei te peddeljen, wylst de smellere efterpoaten benammen as roer fungearje en in funksje hawwe by it dûken.

Aktiviteitsspanne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De iisbear is in deidier dat almeast oerdeis aktyf is en nachts likernôch 8 oeren sliept. Dy etmielssyklus wurdt ek oan fêstholden as simmerdeis de midsnachtsinne skynt en it in fearnsjier net tsjuster wurdt, en wannear't it by't winter yn 'e poalnacht in fearnsjier lang hielendal net ljocht wurdt. De measte iisbearen hâlde gjin wintersliep; dat is foarbeholden oan drachtige bearinnen.
Sosjaal libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De iisbear liedt yn prinsipe in solitêr bestean, ôfsjoen fan 'e peartiid en fan bearinnen mei jongen. Nettsjinsteande dat binne se yn it simmerhealjier op lân faak deunby inoar te finen oan 'e seekant, dêr't se gearkomme by itensboarnen. Bûten de peartiid om duldzje benammen folwoeksen mantsjes inoar op lân tichteby. It is waarnommen hoe't sokke bisten yn sa'n sitewaasje stabile ferbûnen slute fan yndividuën dy't mei-inoar oplûke, deun byinoar sliepe en mei-inoar boartsje. Under sokke mantsjes bestiet in dominânsjehierargy mei de grutste eksimplaren boppe-oan en dêrûnder de oare folwoeksen mantsjes. De wyfkes binne heger yn rang as healwoeksen mantsjes, mar leger as folwoeksen mantsjes. Healwoeksen mantsjes binne dan wer heger yn rang as healwoeksen wyfkes. Wyfkes mei jongen geane de soms kannibalistyske grutte mantsjes yn 'e regel út 'e wei, mar sykje soms it selskip op fan oare wyfkes mei jongen om 'gearstalde gesinnen' te foarmjen.

Kommunikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iisbearen binne oer it generaal nommen swijsume bisten, mar se kinne foar it doel fan kommunikaasje ferskate lûden produsearje. Puffen, in sêft útazemjend lûd, wurdt troch bearinnen mei jongen makke, skynber om kontakt mei de jongen te hâlden. Yn 'e peartiid puffe mantsje en wyfkes ek nei potinsjele partners. Oars as by beskate grutte kateftigen, dy't puffe troch de noas, meitsje iisbearen dit lûd troch de mûle. Welpkes jouwe hege gjalpkes om oandacht fan 'e mem te krijen en reontsje by it drinken. Tekens fan agresje, ornaris tsjin soartgenoaten, binne haplûden mei de tosken, mar ek fokalisaasjes lykas kroanjen, grânzgjen en brullen. Fisuele kommunikaasje mei oare iisbearen fynt plak troch bewegings mei de eagen, earen, noas en lippen.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De peartiid falt by iisbearen yn 'e maityd, foar it meastepart fan maart oant en mei maaie. Pearings fine plak op it see-iis ear't dat foar de simmer fuortteit. Yn dy perioade sykje mantsjes om rûzige wyfkes en swalkje dêrby gauris hinne en wer oer it iis. De fuortbeweging fan wyfkes bliuwt lykwols in min ofte mear rjochte line fan it ien plak dêr't se wêze wolle nei it oare. Iisbearen binne promisku wat harren pearingspraktiken oangeane: sawol mantsjes as wyfkes pearje yn itselde seizoen mei ferskate partners.

As in mantsje in rûzich wyfke fynt, besiket er har te isolearjen en te bewekjen tsjin oare mantsjes. Hofmakkerij kin mank iisbearen frijwat agressive foarmen oannimme, en it mantsje sil it wyfke efterfolgje as sy besiket út te naaien. It kin dagen duorje ear't it ta in pearing komt, mar nei dy earste pearing foarmje it mantsje en it wyfke in bân, dy't sûnder fersteuring fan bûtenôf ornaris om-ende-by de 2 wiken stânhâldt. Yn dy tiid sliepe se tsjininoaroan lizzend en pearje se ferskate kearen. De ûnderlinge konkurrinsje tusken mantsjes om in pearingspartner te finen is yntins, en dat hat laat ta seksuele seleksje fan gruttere mantsjes (dy't better by steat binne en jei rivalen op 'e rin). In mantsje en in wyfke dy't al in bân foarme hawwe, sille foar in grutter mantsje tegearre útnaaie. Nei't it mantsje en it wyfke wer útinoar gien binne, siket it mantsje in oare gaadlike pearingspartner, wylst it wyfke har wijt oan har eigen beuzichheden oant in oar mantsje har op it each kriget.
Iisbearen hawwe in ferlingde draachtiid, en dat betsjut dat it nei de pearing(s) wol 7–9 moannen duorret ear't de welpen te wrâld komme. Mar om't de befruchte embryo's har hjerstmis pas begjinne te ûntjaan, is de eigentlike draachtiid net langer as sa'n 60 dagen. Nei de ein fan 'e peartiid moat it wyfke ûnderhûdske fetreserves oanlizze dy't grutter binne as gewoanlik, om't se der sawol harsels as har welpen mei yn libben sjen moat te hâlden.

Earne yn 'e perioade fan augustus oant oktober leit it wyfke in hoale oan om yn te sliepen en te smiten. De lokaasje fan sa'n hoale is op it see-iis deun foar de kust, of op lân mar dan fierder by de kust wei it binnenlân yn. Hy kin útgroeven wêze yn snie of grûn of in kombinaasje fan beide. Fan binnen hat sa'n hoale in diameter fan likernôch 1.50 m, mei in hichte fan 1.20 m. Troch de lichemstemperatuer fan 'e bearinne leit de temperatuer yn 'e hoale folle heger as bûtendoar. It wyfke hâldt har wintersliep yn 'e hoale en smyt har welpen ûnder de wintersliep. Yn dyselde perioade yt de bearinne neat en wurdt har trochgong ynwindich recycle.
De welpkes wurde yn 'e regel berne fan oktober oant en mei desimber. Der binne almeast 2 jongen de smeet. Krekt as by alle bearesoarten komme de welpen blyn en helpleas te wrâld, mei in rôze hûd en wollich hier en in gewicht fan omtrint 600 g. De eachjes geane mei likernôch 30 dagen iepen. De bearkes groeie fluch op in dieet fan fette molke, en se bliuwe yn 'e hoale by de mem lekker waarm. De bearinne wurdt fan ein febrewaris oant begjin april wekker út har wintersliep en komt dan mei de welpkes út 'e hoale te foarskyn. Tsjin dy tiid weagje de jongen 10–15 kg en binne se goed by steat om 'e mem rinnendewei by te hâlden. De earste pear wiken bliuwe se yn 'e neite fan 'e hoale, dêr't de welpen boartsje en it grutte bûtendoar ferkenne wylst de bearinne foar it meastepart rêst hâldt. Dêrnei sette se ôf oer it see-iis op 'e siik nei fretten foar de mem.

Welpen fan minder as in jier âld bliuwe hast altyd deunby har mem. Allinnich as sy jaget, bliuwe se stil stean op it plak dêr't se efterlitten wurde en sjogge dêrwei oandachtich ta by al har ferrjochtings oant se harren wer by har ropt. Nei har earste jier wurde de bearkes ûnôfhinkliker en dan bejouwe se har fierder by de mem wei om op eigen manneboet harren om-en-by te ferkennen. Tsjin 'e tiid dat se twa jier âld binne, kinne se selsstannich jeie en foar harsels soargje, mar se wurde pas ôfwûn as se 2–21/2 jier binne. Salang't de mem molke produsearret, wurdt se net rûzich en kin der gjin befruchting plakfine. Mantsjes deadzje dêrom gauris jongen om 'e mem wer rûzich te krijen. Wannear't se oerlibje, wurde healwoeksen welpen úteinlik fuortjage troch in mantsje dat mei harren mem pearje wol nei't dy wer rûzich wurden is, of oars wurde se op in stuit gewoan troch de mem efterlitten. By de iisbear binne de wyfkes mei 4 jier geslachtsryp en de mantsjes mei 6 jier. Wyfkes berikke har folsleine folwoeksen grutte mei 4–5 jier, mar mantsjes pas mei 8–10 jier. De libbensferwachting fan in iisbear yn it wyld is maksimaal 30 jier.
Jeien en fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De iisbear is in hyperkarnivoar en fan alle bearen it meast spesjalisearre yn it fretten fan fleis. It is it grutste en gefaarlikste lânrôfdier fan 'e Arktis. De proaien fan 'e iisbear binne yn it foarste plak ûnderskate soarten seehûnen, wa har tsjûke ûnderhûdske fetlaach de iisbear enerzjy jout foar syn fiere omswalkings. De wichtichste proaisoarte is de lytse seehûn (Pusa hispida), mar ek de burdrob (Erignathus barbatus) en de sealrob (Pagophilus groenlandicus) wurde in protte fretten. Lytse seehûnen hawwe de foarkar om't se yn 'e Arktis rûnom foarkomme en om't se lyts genôch binne om sels troch lytse en healwoeksen iisbearen oerweldige te wurden. Burdrobben, wêrfan't it ferspriedingsgebiet ek de hiele Arktis omfettet, binne grutter en sterker, en oerlibje dêrom faker in iisbeare-oanfal troch fan har ôf te biten en út te naaien de see yn. Sealrobben binne wat grutter as lytse seehûnen en minder grut as burdrobben, mar yn har fersprieding binne se beheind ta de seeën om Grienlân hinne. Seehûnesoarten dy't nòch minder faak proai fan in iisbear wurde, binne de klapmûtse (Cystophora cristata), de bûnte seehûn (Phoca largha) en de bânrob (Histriophoca fasciata) út it Noardpoalgebiet en de ornaris yn myldere klimaten foarkommende gewoane seehûn (Phoca vitulina).

Njonken seehûnen wurdt ek de walrus (Odobenus rosmarus) troch de iisbear bejage, sawol op lân as op see-iis. Mar troch de grutte fan dat bist meitsje iisbearen allinnich by jongen in reälistyske kâns op in miel. Folwoeksen walrussen hawwe in tige tsjûke hûd en binne mei har lange slachtosken boppedat tarist mei duchtich wapenreau. Dêrtroch binne se ornaris te formidabel foar in iisbear, of it moat wêze dat se siik of tige ferswakke binne. Fierders bejeie iisbearen ek beskate lytsere walfiskeftigen dy't yn it Noardpoalgebiet foarkomme, lykas de wite dolfyn of belûga (Delphinapterus leucas) en de narwal (Monodon monoceros).
Oare proaisoarten op it drûge binne it rindier (Rangifer tarandus) en ferskate op 'e grûn nêsteljende fûgels (en har aaien en piken). Yn see frette iisbearen ek wol fisken, as se dy fange kinne, en wringeleas dierte. Mank iisbearen komt ek kannibalisme foar, benammen fan grutte mantsjes dy't welpkes deadzje en opfrette. Der is mar komselden waarnommen dat se plantaardich materiaal frette, om't har spiisfertarringsstelsel dêr net op ynrjochte is, mar der binne dokumintearre gefallen bekend dat se beien, moas, gers en seewier frieten. Dat bart benammen yn 'e meagere tiid fan 'e simmer, as de measte iisbearen oan lân wachtsje moatte oant it see-iis wer oangroeit. Troch de klimaatferoaring duorret dy perioade hieltyd langer, mei as gefolch dat útmergele reitsjende iisbearen sjen moatte te oerlibjen op ûngewoane manearen.

Jeien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iisbearen hawwe ferskillende jachtstrategyen foar ferskillende soarten proaien. Seehûnen dy't op it iis rêste, wurde omsichtich beslûpt. Dat slûpen giet op it lêste eintsje oer yn in stoarmrin op sa heech mooglike faasje, wêrby't de bear besiket de seehûn mei syn tosken en klauwen fêst te gripen ear't er yn see ferdwine kin. Soms swimme iisbearen in ein om, sadat se in seehûn fan efteren of ûnder de wyn benei komme kinne. In oare metoade is om te wachtsjen by in azemgat dat troch in seehûn yn it iis makke is, as de bear fermoedet dat de seehûn dêr wer opdûke sil. Soks kin oeren duorje, mar iisbearen toane yn sa'n gefal suver ûneinich geduld. Wannear't de seehûn boppekomt, wurdt er daliks troch de bear besprongen, dy't dan besykje sil om him mei de klauwen út it wetter te lûken.
Walrussen wurde bejage troch in op lân of see-iis rêstende koloanje fan 'e grutte, logge bisten sa de stupen op it liif te jeien dat se allegearre as in wyld yn see besykje te kommen. It doel dêrby is om yn it trelit in jong fan 'e mem te skieden, sadat it kwetsber wurdt. Soms wurdt in jong yn 'e panyk ek troch in folwoeksen soartgenoat ferplettere, wat foar in iisbear in maklik miel opsmyt. Der besteane ferslaggen fan foarfallen wêrby't iisbearen fan in hichte ôf rotsblokken of grutte stikken iis op in groep walrussen smiten hawwe soene mei as doel om in folwoeksen bist te deadzjen of swier te ferwûnjen. Wite dolfinen en narwals binne kwetsber foar iisbeare-oanfallen as se strâne reitsje yn ûndjip wetter of isolearre binne fan iepen see yn in krimpend wjek yn it iis. By de jacht op rindieren ferskûlje iisbearen har ornaris yn of efter wat strewelleguod om dan út in mûklaach ta te slaan. By gelegenheid kinne iisbearen ek besykje om proaien yn iepen wetter te pakken, bygelyks troch ûnder in fûgel of seehûn te swimmen dy't sûnder euvelmoed op of oan it see-oerflak ferkeart, en dan út 'e djipte wei oan te fallen.

Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De iisbear hat frijwol gjin natuerlike fijannen, útsein de minske fansels. It is mooglik dat folwoeksen iisbearen dy't yn iepen see swimme, út en troch ris oanfallen en opfretten wurde troch de Grienlânske haai (Somniosus microcephalus), dy't in lingte fan krapoan 61/2 m berikke kin. Alteast, inkele Grienlânske haaien dy't fongen waarden of oanspield wiene, hiene (dielen fan) iisbearen yn 'e mage. Mei't dizze haai lykwols behalven in rôfdier ek in iesiter is, soe it ek kinne dat it yn in diel fan 'e gefallen gie om yndividuën dy't de kadavers fan deade iisbearen opfretten hiene.
Iisbearewelpen rinne benammen gefaar fan 'e folwoeksen mantsjes fan 'e eigen soarte, dy't de mem wer rûzich besykje te meitsjen troch har jongen te deadzjen. Soms wurde welpen troch folwoeksen mantsjes ek op kannibalistyske wize opfretten. Fierders rinne welpen oan lân soms gefaar fan 'e wolf (Canis lupus). In oare hûneftige, de poalfoks (Vulpes lagopus), is net gefaarlik foar de iisbear, sels net foar jongen, mar kin wol in boarne fan argewaasje foarmje. Poalfoksen rinne iisbearen gauris alle stappen efternei om bytsjes en brokjes fan har proaien te stellen. Iisbearen besykje har oer it algemien te negearjen, mar as se te bretaal wurde, fiere se in skynoanfal út dy't feroarje kin yn in echte oanfal as de foks te stadich is en him fange lit.

Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De iisbear hat sûnt 2015 de IUCN-status fan "kwetsber", wat it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid is (de oare beide binne "bedrige" en "krityk bedrige"). Dy status hat er krigen om't it berik fan it see-iis dat syn natuerlike habitat is, troch de opwaarming fan 'e Ierde almar fierder belunet. De iisbear wurdt net inkeld troffen troch klimaatferoaring en it dêrmei gearhingjende habitatferlies, mar ek troch miljeufersmoarging en de oanboarring fan nije ierdoalje- en ierdgasfjilden yn 'e Arktis dy't earder troch it see-iis ûnberikber wiene foar ekspoitaasje. It probleem foar dizze bisten is net dat se gjin fretten mear hawwe, mar dat se troch de ynkrimping fan it see-iis har fretten net mear berikke kinne. In ûndersyk út 2012 konkludearre dat de iisbear, as der gjin feroaring yn 'e trend komt, tsjin 2050 yn dielen fan syn hjoeddeistige ferspriedingsgebiet útstoarn wêze sil.
De totale populaasje fan 'e iisbear waard yn 2015 rûsd op 22.000–31.000 eksimplaren. De hjoeddeistige populaasjetrend is ûndúdlik, hoewol't beskate dielpopulaasjes, benammen dy yn 'e súdlike en westlike Hudsonbaairegio en dy yn 'e súdlike Beaufortsee, dúdlik yn tal ôfnimme. Mar oaren, lykas dy yn 'e Barentssee en de Tsjûktsjensee, lykje foarearst stabyl te bliuwen, wylst Grienlân en de Kanadeeske Arktyske Arsjipel oanmurken wurde foar "bolwurken", dêr't de populaasjegrutte mooglik tanimt.

Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de iisbear waarden yn it ferline de ûndersoarten Ursus maritimus maritimus Phipps, 1774 en Ursus maritimus marinus Pallas, 1776 foarsteld, mar dy wurde neffens moderne ynsichten net ûnderstipe. Ien mooglike fossile ûndersoarte, de reuze-iisbear (Ursus maritimus tyrannus), waard yn 1964 foarsteld troch de Finske paleöntolooch Björn Kurtén. Dyselde basearre him dêrfoar op ien inkeld fragmint fan in piipbonke dy't likernôch 20% grutter wie as foar in iisbear wenstich is. Mar re-evaluaasjes út 2008 en 2012 wize derop dat it dêrby foar 't neist giet om in bonkefragmint fan in útsûnderlik grutte brune bear (Ursus arctos). De iisbear wurdt sadwaande tsjintwurdich as in monotypyske soarte beskôge, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.
Iisbearen en minsken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skiednis fan minsken en iisbearen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Folken út 'e poalstreek, lykas de Eskimo's, Tsjûktsjen, Jûkagieren, Dolganen en Nenets, hawwe al tûzenen jierren lang mei iisbearen gearlibbe. De ierst bekende Jeropeeske beskriuwing fan in iisbear stiet yn 'e anonime trettjinde-iuwske Aldnoarske tekst Konungs Skuggsjá ("Spegel fan 'e Kening"). Dêryn wurdt fernijd: "De wite bear fan Grienlân doarmet almeast oer it iis fan 'e see, dêr't er seehûnen en walfisken bejaget en himsels mei harren fiedt." Ek wurdt sein dat dy bear "in like feardige swimmer is as lykfol hokker seehûn of walfisk".
It ierste bewiis dat iisbearen troch minsken bejage waarden, datearret fan argeologyske resten fan likernôch 8.000 jier lyn (6.000 f.Kr.), dy't opdobbe binne op it eilân Zochov yn 'e Eastsibearyske See. De âldst bekende ôfbylding fan in iisbear is in petroglyf (ynkerving yn stien) dy't datearret fan 'e perioade fan 'e fyfde oant de achtste iuw en oantroffen is oan 'e igge fan 'e rivier de Pegtymel yn eastlik Sibearje. Op it oanbelangjende petroglyf is te sjen hoe't in iisbear bejage wurdt troch in man mei trije hûnen.

Foarôfgeande oan 'e útfining fan fjoerwapens waarden iisbearen bejage mei spearen en/of mei pylk-en-bôge, wêrby't de jagers faker al as net stipe waarden troch ferskate hûnen. Swimmende bearen koene ek bejage wurde út boaten wei mei harpoenen. De jacht op iisbearen wie by poalfolken ornaris bûn oan strange regels. By guon folken wie it deadzjen fan in iisbear in inisjaasjeritueel dat in jonge folbringe moast om as man beskôge te wurden. Fan in iisbearekadaver waard de pels brûkt om in waarme mantel of in tekken fan te meitsjen. De tosken en klauwen waarden droegen as jachttrofeeën, mar koene ek tsjinje as ark en reau. De pizen fungearren as bynmateriaal en de bonken waard ark fan makke. It fleis waard iten, útsein de lever, dy't giftich is foar minsken omreden fan 'e opheaping fan fitamine A út 'e proaien fan 'e iisbearen.
Fan 'e Midsiuwen ôf waarden de pelzen, tosken en klauwen fan iisbearen ferhannele mei de Wytsingen yn Grienlân en mei de Russen yn wat no it noarden fan Jeropeesk Ruslân en it noarden fan Sibearje is. Op 'e oarspronklik ûnbewenne Arktyske arsjipel Spitsbergen waarden fan 'e achttjinde iuw ôf elts jier teminsten 150 iisbearen deade troch Russyske jagers. Fan 'e njoggentjinde iuw ôf namen de Noaren dat oer. Tusken likernôch 1870 en 1970 waarden op Spitsbergen yn totaal 22.000 iisbearen deade. Yn deselde perioade waarden yn noardlik Jeropeesk-Ruslân en Sibearje sa'n 130.000 en yn Kanada teminsten 15.000 iisbearen sketten. Oer it fleis fan iisbearen, dat ek iten waard troch Westerske poalreizgers, rûnen de mienings sterk útinoar: guon griisden derfan, wylst oaren it beskôgen as in delikatesse.

Konflikten tusken minsken en iisbearen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Konflikten tusken iisbearen en minsken kamen histoarysk benammen foar wannear't Westerske poalreizgers har yn it ferspriedingsgebiet fan 'e iisbear bejoegen. Sa is bekend dat der ferskate konfrontaasjes mei iisbearen plakfûnen ûnder de Oerwintering op Nova Sembla, wêrby't in kloft strâne rekke Nederlânske seelju û.l.f. Willem Barents en Jacob van Heemskerck de winter fan 1596 op 1597 trochbrocht op it Russyske Arktyske eilân Nova Sembla.
Tsjintwurdich bringe iisbearen yn beskate dielen fan it Noardpoalgebiet langer oan lân troch omreden fan 'e ôfname fan it see-iis dy't gearhinget mei de klimaatferoaring. Underwilens nimt de minsklike befolking fan 'e Arktis ta. Dy beide eleminten soargje derfoar dat minsken en iisbearen hjoed oan 'e dei almar faker mei-inoar yn oanfarring komme. Churchill, in plak oan 'e Hudsonbaai yn 'e Kanadeeske provinsje Manitoba, is ien fan 'e plakken dêr't dy ûntwikkeling merkber is. De pleatslike autoriteiten hawwe dêr in "iisbearetichthús", dêr't probleembearen opsletten wurde oant de see wer tichtfriest. Yn febrewaris 2019 waard it doarp Belûsja Gûba op Nova Sembla oerspield troch mear as 50 iisbearen. Dat late ta sa'n gefaarlike sitewaasje dat de pleatslike autoriteiten de needtastân útrôpen.
Fan 1870 oant 2014 fûnen der nei skatting 73 oanfallen fan iisbearen op minsken plak. Dêrby kamen 20 minsken om. It meastepart fan 'e oanfallen waard útfierd troch hongerige mantsjes, yn 'e regel healwoeksen eksimplaren, mei dêropta in tal gefallen fan bearinnen dy't har welpen ferdigenen. Hoewol't de iisbear bekend stiet as de gefaarlikste bearesoarte, is er eins neat gefaarliker foar of agressiver tsjin minsken as oare bearesoarten. Yn ferhâlding ta oanfallen op minsken troch de brune bear (Ursus arctos) en de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus) wiene de oanfallen fan iisbearen op minsken wol folle faker op of by it plak dêr't minsken wennen of foar langere tiid ferbleaune. It is mooglik dat de measte oanfallen, te witten: dy fan hongerige bearen, út wanhoop berne wiene. Mar it kin der ek mei te krijen hawwe dat iisbearen foar it meastepart yn harren wengebiet gjin minsken wend binne. Dat betsjut dat se ek gjin eangst foar minsken fiele en minsken gewoan as proai sjogge, krekt as alle oare bisten dy't se te pakken krije kinne.

Iisbearen yn finzenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iuwenlang wie de iisbear in tige socht bist om yn menazjeryen fan keningen en oare hearskers te hâlden, sawol om't it in tige eksoatysk bist wie as fanwegen syn reputaasje as ferskuorrend rôfdier. Yn 'e Toer fan Londen waard bygelyks al yn 1252 in iisbear holden yn 'e menazjery fan Hindrik III fan Ingelân. Kening Jakobus I fan Ingelân krige yn 1609 twa iisbearewelpen fan 'e ûntdekkingsreizger Jonas Poole, dy't se fan Spitsbergen hie. Oare foarbylden fan hearskers dy't ien of mear iisbearen yn besit hiene, wiene Freark I fan Prusen oan 'e ein fan 'e santjinde iuw en Katarina I fan Ruslân en Augustus de Sterke fan Poalen oan it begjin fan 'e achttjinde iuw.
Hiel lang waarden sokke iisbearen yn koaien of djippe kûlen holden. It wie de Dútske dieretúndirekteur Carl Hagenbeck, dy't yn 1907 yn syn Tierpark Hagenbeck yn Hamburch foar it earst in ferbliuw iepenje wêryn't it natuerlike habitat fan 'e bisten neibeard waard, kompleet mei keunstmjittige snie en iis. Guon iisbearen waarden ek holden yn it sirkus, dêr't se traind waarden om keunstkes te dwaan foar in applaudisearjend publyk. Tsjin 'e ein fan 'e tweintichste iuw kaam dêr stadichwei in ein oan, en tsjintwurdich is it yn 'e measte Westerske lannen ferbean om iisbearen op sa'n manear te brûken.

Ferskate iisbearen dy't yn dieretunen holden waarden, krigen bredere bekendheid. Yn Jeropa gie it dêrby om bygelyks Knut út 'e Zoologischer Garten Berlin, dy't yn 2006 troch syn mem ferstjitten waarden en mei de hân grutbrocht wurde moast troch oppassers. In oare iisbear, Binky, út 'e Alaska Zoo yn Anchorage, waard yn 1994 ferneamd doe't er by twa ûnderskate gelegenheden (mei in tuskenskoft fan 6 wiken) in besiker fan 'e dieretún oanfoel en ferwûne dy't te tichtby kaam.
Iisbearen yn 'e minsklike kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De iisbear spilet in foaroansteande rol yn 'e kultuer en natoerreligy fan 'e ûnderskate Eskimo-folken. De god Torngarsuk wurdt soms foarsteld as in reuseftige iisbear. Hy wennet ûnder de seeflier yn in ûnderwrâld fan 'e deaden en hat macht oer alle seelibben. Hy waard troch Grienlânske sjamanen fereare mei sang en dûns. As er harren wurdich fûn, soed er harren de see yn skuord en ferslynd hawwe. Iisbearen wurde ek assosjearre mei de goadinne Nuliajuk, dy't harren en alle oare seewêzens skepen hat.
Iisbearen komme ek foar yn 'e Aldnoarske literatuer. Yn Auðunar Þáttr Vestfirska ("It Ferhaal fan Auðun fan 'e Westfjorden"), in Aldnoarsk ferhaal datearjend fan omtrint 1275 dat diel útmakket fan in langere sêge, jout in earme man dy't Auðun hjit al it jild dat er noch hat út oan 'e keap fan in iisbear. Hy makket lykwols syn fortún troch it bist troch te ferkeapjen oan 'e kening fan Denemark. Yn it fjirtjinde-iuwske Hauksbók wurdt in iisbear troch in man dy't Odd hjit, deade en opiten nei't it bist earder de heit en broer fan Odd deade en ferslynd hat. Yn it ferhaal Grímsey-maðurinn og Björninn ("De Man fan Grimsey en de Bear") wurdt in boer dy't strâne rekket op in iisskos rêden troch in iisbearinne, wêrnei't er it bist werombetellet troch it syn keppel skiep op te fuorjen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Iisbear
- Sûchdieresoarte
- Echte bear
- Bedrige sûchdier
- Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Noardlike Iissee
- Lânseigen fauna yn de Beringsee
- Lânseigen fauna yn Spitsbergen
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn Grienlân
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon

