close
Springe nei ynhâld

Jean Cabanis

Ut Wikipedy
Jean Cabanis
Jean Louis Cabanis
Jean Louis Cabanis
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Dútsk
berne8 maart 1816
berteplakBerlyn
stoarn20 febrewaris 1906 (89 jier)
stjerplakFriedrichshagen (stedsdiel Berlyn)
wurkpaad
berop/amtornitolooch
reden
  bekendheid
oprjochter en redakteur Journal für Ornithologie

Jean Louis Cabanis (8 maart 181620 febrewaris 1906) wie in Dútske ornitolooch. Hy wurke by de fûgelkolleksjes fan it Natuerhistoarysk Museum yn Berlyn en waard yn 1850 de earste kurator fan fûgels. Hy stifte it Journal für Ornithologie yn 1853.

Cabanis waard berne yn Berlyn yn in âlde Hugenoatefamylje dy't út Frankryk ferhuze wie. Syn heit Benoit-Jean (1774–1838) en mem Maria Luise (1783–1849) kamen beide út famyljes dy't yn 'e tekstylyndustry wurken. Der is net folle bekend oer syn iere libben. Hy studearre fan 1835 oant 1839 oan 'e Universiteit fan Berlyn, en reizge doe nei Noard-Amearika, dêr't er wurke as museumassistint yn Carolina. Hy kaam werom yn 1841 mei in grutte kolleksje natuerhistoaryske wurken. Hy wie assistint by it Natuerhistoarysk Museum fan Berlyn (dat doe it Universiteitsmuseum fan Berlyn wie) en yn 1850 waard hy de kurator fan fûgels, en naam it stokje oer fan Martin Lichtenstein.

Charles Lucien Bonaparte hie him in posysje oanbean by de Jardin des Plantes, mar Cabanis wegere dy. Hy stifte it Journal für Ornithologie yn 1853, en wie de folgjende ienenfjirtich jier redakteur, doe't er opfolge waard troch syn skoansoan Anton Reichenow. Cabanis beskôge it tydskrift Naumannia, it offisjele orgaan fan 'e Deutsche Ornithologen-Gesellschaft, ûnder redakteurskip fan Eduard Baldamus, as te smel yn syn geografyske omfang en it tefolle sintraal stellen fan Dútslân.

Op 'e Wrâldfûgellist fan it IOC wurde 132 geslachten en 164 soarten troch him beskreaun en goed 260 ûndersoarten.

Cabanis troude yn 1849 yn Berlyn mei Jeanne, dochter fan Ambrosius Rinaldi. Se krigen seis soannen en trije dochters. Hy stoar yn Friedrichshagen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Digitalisearre kopy fan Cabanis syn boek Museum Heineanum: Verzeichniss der ornithologischen Sammlung des Oberamtmann Ferdinand Heine, auf Gut St. Burchard vor Halberstadt ('Directory of the ornithological collection of the chief magistrate Ferdinand Heine, on St. Burchard near Halberstadt')
Boarnen, noaten en/as referinsjes: