Kastoria
| Kastoria Καστοριά | ||
| Bestjoer | ||
| regio | West-Masedoanje | |
| regionale ienheid | Kastoria | |
| dielgemeenten | 9 dielgemeenten | |
| haadplak | Kastoria | |
| Sifers | ||
| ynw. gemeente | 33.094 (2021)[1] | |
| ynw. haadplak | 12,549 (2021)[2] | |
| oerflak | 763.6 km² | |
| hichte | 623-1630 m | |
| Oar | ||
| postkoade | 521 00 | |
| tiidsône | UTC +2 | |
| simmertiid | UTC +3 | |
| koördinaten | 40°31' N 21°16' E | |
| Offisjele webside | ||
| kastoria.gov.gr | ||
| Kaart | ||
Kastoria is in gemeente en stêd yn it noardwesten fan Grikelân. It haadplak is Kastoria, dat op in skiereilân yn 'e Orestiadamar leit.
Gemeenteyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Kastoria ûnstie yn 2011 yn it ramt fan 'e Grykske bestoerlike herfoarmingen doe't de doetiidske gemeente Kastoria mei oare mienskippen gearfoege waard ta ien nije gemeente.
De gemeente Kastoria bestiet út njoggen dielgemeenten:
- Agia Triada (Αγία Τριάδα)
- Agioi Anargyroi (Άγιοι Ανάργυροι)
- Kastoria (Καστοριά),
- Kastraki (Καστρακί)
- Kleisoura (Κλεισούρα)
- Korestia (Κορεστία)
- Makednoi (Μακεδνοί)
- Mesopotamia (Μεσοποταμία)
- Vitsi (Βίτσι).
Skiednis fan 'e stêd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd hat in skiednis dy't tûzenen jierren tebek giet. De earste spoaren fan minsken yn it gebiet geane werom nei de brûnstiid, mar de delsetting krige fêste foarm yn 'e klassike en hellenistyske tiid.
Yn de Romeinske tiid waard Kastoria as Keletron, Diocletianopolis en Justinianopolis in regionaal sintrum yn 'e provinsje Masedoanje, mar de grutte bloeitiid kaam yn 'e tiid fan it Byzantynske Ryk. Yn 'e 9e oant en mei de 14e iuw wie de stêd in strategysk bolwurk dat troch Byzantinen, Bulgaren en Noarmannen befochte waard. Ut dy tiid datearje ek in soad tsjerken, oarspronklik mear as santich mar dêr't no noch mear as fjirtich fan oerbleaun binne. Dêrom wurdt Kastoria ek gauris as in iepenloftmuseum fan Byzantynske keunst beskôge.
Nei 1385 kaam de stêd ûnder it bewâld fan it Ottomaanske Ryk en dat soe oant 1912 sa bliuwe. Yn dy tiid waard Kastoria in multy-etnyske stêd mei Griken, Joaden, Slavyske groepen en Albanezen. De stêd krige namme as sintrum fan 'e bûnthannel, in ambacht dêr't Kastoria ek no noch ferneamd om is.
It Ottomaanske bewâld einige yn Kastoria nei't de stêd yn 'e Earste Balkanoarloch (1912) troch it Grykske leger ynnommen waard. Sûnt 1913 heart de stêd formeel by Grikelân.

Yn 1940 besette Itaalje Kastoria en nei de oerjefte fan Itaalje oan 'e Alliearden yn 1943 kaam Kastoria ûnder Dútske kontrôle. Op 24 maart 1944 waarden 763 joaden yn 'e stêd oppakt en in pear dagen letter yn trucks earst nei Thessaloniki brocht en letter nei it konsintraasjekamp Auschwitz, dêr't se fergast waarden. Yn 1945 telde de joadske mienskip fan Kastoria noch mar 35 minsken, likernôch 5% fan 'e mienskip fan foar de Dútske besetting. Kastoria waard befrijd troch de guerriljastriders fan it Grykske Folksbefrijingsleger.
Hjoed-de-dei is Kastoria in bloeiende provinsjestêd mei toerisme fanwegen de rike Byzantynske arsjitektuer en bûntyndustry.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De stêd telt in grut oantal Byzantynske tsjerken út de 10e oant de 14e iuw. De wichtichstse tsjerken binne:
- De Panagia Koumpelidiki ("tsjerke fan 'e Jongfaam mei de lytse koepel"), faaks de bekendste tsjerke; ferneamd om syn seldsume ûntwerp mei trije kapellen en 12e en 13e iuwske fresko's.
- De Agioi Anargyroi ("Kosmas- en Damianustsjerke"), in iere Byzantynske tsjerke mei 10e-iuwske muorreskilderingen.

- De Agios Stephanos ("Stefanustsjerke"), tsjerke yn 'e Doltso-wyk mei goed bewarre 12e-iuwske fresko’s.
- De Taxiarches Mitropoleos ("Aartsingeltsjerke"), tichteby de âlde katedraal mei 10e oant 14e-iuwske fresko's.
- Agios Athanasios tou Mouziaki, boud en beskildere yn 'e jierren 1383–1384 troch de bruorren Stoia en Theodoros Mouzaki.[3]
- De histoaryske wykjes Doltso mei hûzen fan bûnthannelers en Apozari mei hûzen yn Ottomaanske styl.
- Fan 'e Byzantynske muorren binne dielen oerbleaun.
- De mar om 'e histoaryske stêd is beskerme natoer mei wetterfûgels en tradisjonele fiskerhúskes.
- Museum fan 'e Masedoanyske Striid (Picheon str.), museum oer de Balkanoarloch tsjin de Turken yn it hûs fan 'e Grykske frijheidsheld Anastasios Picheon.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Byzantynske museum (Platia Dexamenis)
- Folkloremuseum (Kapetan Lazou 10)
- Kostúmmuseum (Neos Ikismos)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
