close
Springe nei ynhâld

Mammoth Cave

Ut Wikipedy
'Rotondeseal' yn'e Mammoetgrot (foto út 1925)
Offisjele kaart fan Mammoth Cave National Park, mei de wichtichste diken, paden en plakken dy't it besjen wurdich binne

De Mammoth Cave (Frysk: 'Mammoetgrot') yn it Nasjonaal Park Mammoth Cave, yn de Amerikaanske steat Kentucky, is it grutste kompleks fan grotten yn'e wrâld. Dat wol sizze dat de langte fan de grotten sa't dy ûndersocht binne, dat wol sizze mear as 686 km (2025), langer is as hokfoar oar stelsel ek.

Offisjeel is it stelsel it Mammoth–Flint Ridge Cave System, sûnt 1972 doe't Patricia Crowther fûn hoe't men fan Mammoth Cave sels nei it Flint Ridge Cave System komme koe. It die lykwols bliken dat dy ferbining al optekene wie troch Stephen Bishop yn de 19e ieu; beiden wienen fan lytser stal as oare ûndersikers, dat hja koenen komme dêr't oaren net fierder koene.

Yn 1975 makke har man, William Crowther, ien fan de earste ynteraktive fiksjespultsjes, dêr't grotten by ûndersocht waarden: Advent: Ornaris oantsjut as Colossal Cave Adventure. De grotten dy't ûndersocht waarden, wienen beskriuwings fan it Collosal Cave Stelsel, part fan Mammoth Cave.