Mel Gibson
| Mel Gibson | ||
| Mel Gibson | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Mel Columcille Gerard Gibson | |
| nasjonaliteit | Amerikaansk en Australysk | |
| berne | 3 jannewaris 1956 | |
| berteplak | Peekskill, New York, Feriene Steaten | |
| etnisiteit | Iersk komôf | |
| jierren aktyf | 1976–no | |
| prizen | 2 Oscars (Braveheart – Bêste Film en Bêste Regy) | |
| offisjele webside | ||
| FB-Side | ||
Mel Colm-Cille Gerard Gibson (berne op 3 jannewaris 1956 yn Peekskill, New York) is in Amerikaansk-Iersk akteur, filmregisseur en produsint. Hy waard bekend troch rollen yn súksesfolle aksje- en oarlochsfilms, dêr't er benammen yn 'e jierren 1990 rekordynkomsten foar krige. Foar syn film Braveheart krige er yn 1996 in Oscar foar Bêste Regy en in Oscar foar Bêste Film, en ek in Golden Globe, ek foar Bêste Regy.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gibson waard as sechsde fan tsien bern berne yn in katolike famylje fan Ierske komôf yn Peekskill yn 'e Amerikaanske steat New York. In alfte bern waard adoptearre. Syn heit Hutton Gibson (1918–2020), dy't al yn 'e Feriene Steaten berne wie, ferfear nei't er USD 25.000 wûn hie yn in tillefyzjekwis yn 1968 mei de hiele famylje nei Austraalje, it lân dêr't syn mem wei kaam, de operasjongeres Eva Mylott.
Yn Austraalje troude Mel Gibson yn 1980 mei de eardere doktersassistinte Robyn Moore, mei wa't er sân bern krige, ien dochter en seis soannen. Yn april 2009 frege Robyn Gibson de skieding oan fanwegen "net oer te kommen ferskillen". As reden foar de ferskillen waard Gibsons relaasje mei de Russyske popsjongeres Oksana Petrovna Grigorjeva neamd. Mei har krige er yn oktober 2009 syn achtste bern, de dochter Lucia. De skieding mei Grigorjeva yn april 2010 late ta in iepenbier útfjochte skeel, dat lang om let einige yn in rjochtsaak oer it gesach oer de dochter.
Yn jannewaris 2016 makke Gibson syn relaasje mei de senarioskriuwster Rosalind Ross bekend, mei wa't er in jier letter foar de njoggende kear heit waard. Tegearre krigen hja yn Los Angeles de soan Lars. Ein 2025 makke it pear bekend dat se al in jier útinoar wiene.
Yn 2005 kocht Gibson fan it Japanske bedriuw Tokyu Corporation it eilân Mago yn 'e Stille Oseaan, dat by Fidzjy heart.
Gibson hat ferskate kearen yn behanneling west fanwegen alkoholmisbrûk. In rjochtbank feroardiele him foar it riden ûnder ynfloed ta in straf ûnder betingst fan trije jier, in boete fan USD 1300 en ta it regelmjittich bywenjen fan gearkomsten fan 'e Anonyme Alkoholisten.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ien fan Gibsons susters ûntduts syn akteartalint en trune him oan om te sollisitearjen by it National Institute of Dramatic Art yn Sydney. Dêr die Gibson syn earste ûnderfining op yn ferskate toanielstikken.
Nei in tal lytsere rollen op it toaniel en foar de kamera krige Mel Gibson yn 1979 yn 'e troch George Miller regissearre bioskoopfilm Mad Max de rol fan in plysjeman, dy't wraak nimt op in motorbinde dy't syn frou fermoarde hat. De film, dy't sels neffens Australyske mjitstêven relatyf goedkeap makke wie, waard in súkses oer de hiele wrâld. De film makke Gibson ynternasjonaal bekend en late ta de ferfolchfilms Mad Max II, ek bekend as The Road Warrior (1981), en Mad Max Beyond Thunderdome (1985). Mei Mad Max: Fury Road yn 2015 kaam in fjirde diel fan 'e rige út, dat al sûnt 1999 pland wie, mar sûnder dielname fan Gibson.
Yn 1987 krige Gibson lang om let de rol dy't him ta in superstjer makke: yn Lethal Weapon spile er njonken Danny Glover de rol fan 'e psychysk ûnstabile plysjeman Martin Riggs. De film, mei in mingeling fan komeedzje en geweld, fernijde it sjenre fan 'e aksjethriller en krige mei Lethal Weapon 2 (1989), Lethal Weapon 3 (1992) en Lethal Weapon 4 (1998) in ferfolch.
Oant begjin jierren 2000 hearde Gibson ta de populêrste Hollywood-akteurs. Nei haadrollen yn 'e films Signs en it epos We were Soldiers, dy't op 'e nij súksesfol yn 'e bioskopen draaiden, kundige er oan dat er him foar in grut part út de aktearwrâld weromlûke soe om as produsint en regisseur te wurkjen.
Yn 2010 kaam Gibson nei sân jier skoft werom op it wite doek mei Edge of Darkness, en in jier letter wie er yn de haadrol te sjen njonken Jodie Foster yn it filmdrama The Beaver. Wylst de earste film in súkses waard, flopte de twadde oan 'e kassa, nettsjinsteande de tige goede resinsjes.
Regisseur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1989 rjochte er tegearre mei Bruce Davey it produksjebedriuw Icon Productions op, dat sûnt syn films produsearre. Mel Gibson makke syn debút as regisseur yn 1993 mei de film The Man Without a Face, dêr't er sels de haadrol fan 'e learaar Justin McLeod yn spile, waans gesicht troch in auto-ûngemak misfoarme waard. Yn 1995 wie er regisseur, produsint en haadrolspiler fan it histoarysk drama Braveheart. De film krige tsien Oscar-nominaasjes en wûn yn fiif kategoryen, ûnder oare foar Bêste Film en Bêste Regy.
Sûnt 1992 wurke er ta nei de film The Passion of the Christ, dy’t er yn 2003 yn Itaalje draaide mei in sels opbrocht budzjet fan 25 miljoen dollar, sawat itselde bedrach as syn doetiidske lean as haadrolspiler yn in film. Gibsons oankundiging om 'e film yn 'e oarspronklike Arameeske talen en sûnder ûndertiteling út te bringen (hoewol't er lang om let dochs foar ûndertiteling keas), makke dat it súkses yn 't foar betwifele waard. Dochs kaam de film yn 2004 yn 'e Top 10 fan 'e oant doe ta kommersjeel meast súksesfolle bioskoopfilms.
In oar grut kommersjeel súkses wie de film Apocalypto út 2006, dy't him flak foar de komst fan 'e konkwistadoaren yn it ryk fan de Maya's ôfspilet.
Yn 2016 die Gibson de regy fan it oarlochsdrama Hacksaw Ridge, dat giet oer de Amerikaanske soldaat Desmond Doss (spile troch Andrew Garfield), dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch tsjinst wegere om in wapen te dragen en de Medal of Honor krige. De film krige yn 2017 seis Oscar-nominaasjes, ûnder oare yn 'e kategoryen Film en Regy.
Mei Flight Risk folge yn 2025 syn sechsde spylfilm as regisseur.
Produsint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gibson is eigner fan 'e ûndernimmingsgroep Icon. It dochterbedriuw Icon Productions produsearre syn films Braveheart, Apocalypto en Die Passion Christi. Icon Entertainment International hat de rjochten op sa'n 200 filmproduksjes.
Ta de groep hearre noch twa oare bedriuwen, dy't films yn Grut-Brittanje en Austraalje útbringe en ferspriede (bioskoopdistribúsje en letter DVD-útjeften).
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Mel Gibson hinget in strange en tradisjonele foarm fan it roomsk-katolisisme oan, dy't de herfoarmingen fan it Twadde Fatikaansk Konsylje ôfwiist. Hy hat in eigen tsjerke bouwe litten yn Kalifornje, de Church of the Holy Family, dy't net ûnder it offisjele bisdom falt.
- Yn jannewaris 2025 beneamde presidint Trump Mel Gibson mei Sylvester Stallone en Jon Voight as "Special Ambassadors" (bysûndere gesanten) foar Hollywood. Harren taak is om filmproduksjes werom te heljen nei de Feriene Steaten.
- Mel Gibson ferlear yn 2011 syn rjocht op it besit fan fjoerwapens fanwegen in feroardieling foar hûslik geweld. Yn 2025 krige er fan it Ministearje fan Justysje it rjocht om in wapen te besitten werom.
- Mel Gibson hat yn ferskate gefallen útspraken dien dy't troch media en kommentatoaren as rassistysk, antisemitysk en homofoob beskôge waarden. Dizze útspraken late ta publike kontroversje en krityk en yn guon gefallen ta formele ekskuses fan Gibson.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Filmografy as akteur en regisseur | |||
| jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
|---|---|---|---|
| film | |||
| 1977 | I Never Promised You a Rose Garden | figurant | |
| 1977 | Summer City | Scollop | |
| 1979 | Mad Max | Max Rockatansky | |
| 1979 | Tim | Tim Melville | |
| 1980 | The Chain Reaction | burdige monteur | cameo |
| 1981 | Attack Force Z | kaptein Paul Kelly | |
| 1981 | Gallipoli | Frank Dunne | |
| 1982 | Mad Max 2 | Max Rockatansky | |
| 1982 | The Year of Living Dangerously | Guy Hamilton | |
| 1984 | The Bounty | Fletcher Christian | |
| 1984 | The River | Tom Garvey | |
| 1984 | Mrs. Soffel | Ed Biddle | |
| 1985 | Mad Max Beyond Thunderdome | Max Rockatansky | |
| 1987 | Lethal Weapon | Martin Riggs | |
| 1988 | Tequila Sunrise | Dale McKussic | |
| 1989 | Lethal Weapon 2 | Martin Riggs | |
| 1990 | Bird on a Wire | Rick Jarmin | |
| 1990 | Air America | Gene Ryack | |
| 1990 | Hamlet | Hamlet | |
| 1992 | Forever Young | kaptein David McCormick | |
| 1992 | Lethal Weapon 3 | Martin Riggs | |
| 1993 | The Man Without a Face | Justin McLeod | ek regisseur |
| 1994 | Maverick | Bret Maverick | |
| 1995 | Braveheart | William Wallace | ek regisseur en produsint |
| 1995 | Casper | himsels | as stimakteur |
| 1995 | Pocahontas | [[John Smith (ûntdekkingsreizger)|John Smith | as stimakteur |
| 1996 | Ransom | Tom Mullen | |
| 1997 | Father's Day | Scott de piercingsetter | cameo |
| 1997 | Conspiracy Theory | Jerry Fletcher | |
| 1997 | Fairy Tale: A True Story | majoar Sargent Griffiths | cameo |
| 1998 | Lethal Weapon 4 | Martin Riggs | |
| 1999 | Payback | Porter | |
| 2000 | Chicken Run | Rocky | as stimakteur |
| 2000 | The Patriot | Benjamin Martin | |
| 2000 | What Women Want | Nick Marshall | |
| 2000 | The Millian Dollar Hotel | resjersjeur Skinner | |
| 2002 | Signs | Graham Hess | |
| 2002 | We were Soldiers | luitenant-kolonel Hal Moore | |
| 2003 | The Singing Detective | dr. Gibbon | |
| 2004 | The Passion of the Christ | – | regisseur en produsint |
| 2004 | Paparazzi | pasjint yn lulkensbehearskingsterapy | cameo |
| 2006 | Apocalypto | – | regisseur en produsint |
| 2010 | Edge of Darkness | Thomas Craven | |
| 2011 | he Beaver | Walter Black | |
| 2012 | Get the Gringo | Richard Johnson | |
| 2013 | Machete Kills | Luther Voz | |
| 2014 | The Expendables 3 | Conrad Stonebanks | |
| 2014 | Stonehearst Asylum | – | produsint |
| 2016 | Blood Father | John Link | |
| 2016 | Hacksaw Ridge | – | regisseur |
| 2017 | Daddy's Home 2 | Kurt Mayron | |
| 2018 | Dragged Across Concrete | resjersjeur Brett Ridgeman | |
| 2019 | The Professor and the Madman | James Murray | |
| 2020 | Force of Nature | Ray | |
| 2020 | Fatman | Chris Cringle | |
| 2021 | Boss Level | kolonel Clive Ventor | |
| 2021 | Dangerous | dr. Alderwood | |
| 2022 | Last Looks | Alastair Pinch | |
| 2022 | Panama | Stark | |
| 2022 | Agent Game | CIA-agint Olsen | |
| 2022 | Father Stu | Bill Long | |
| 2022 | Hot Seat | Wallace Reed | |
| 2022 | Bandit | Tommy Kay | |
| 2022 | On the Line | Elvis | |
| 2023 | Confidential Informant | Kevin Hickey | |
| 2023 | Sound of Freedom | – | produsint |
| 2023 | Desperation Road | Mitchell | |
| 2024 | Boneyard | FBI-agint Petrovick | |
| 2024 | Monster Summer | Gene Carruthers | |
| 2025 | Hunting Season | Bowdrie | |
| 2025 | Flight Risk | – | regisseur |
| tillefyzje | |||
| 1978 | The Sullivans | 4 ôfl. | |
| 1979 | Cop Shop | 2 ôfl. | |
| 1981 | The Punishment | 2 ôfl. | |
| 1999 | The Simpsons | himsels | ôfl. Beyond Thunderdome |
| 2004-2005 | Complete Savages | Steve Cox | 3 ôfl.; ek regisseur en produsint |
Underskiedingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | Priis | Kategory | Foar | Utslach |
|---|---|---|---|---|
| 1985 | Australian Film Institute Award | Bêste Akteur | Gallipoli | Wûn |
| 1996 | Academy Award (Oscar) | Bêste Regy | Braveheart | Wûn |
| 1996 | Academy Award (Oscar) | Bêste Film | Braveheart | Wûn |
| 1996 | Golden Globe Award | Bêste Regy | Braveheart | Wûn |
| 2017 | Academy Award (Oscar) | Bêste Regy | Hacksaw Ridge | Nominearre |
| 2017 | Academy Award (Oscar) | Bêste Film | Hacksaw Ridge | Nominearre |
| 2017 | Golden Globe Award | Bêste Regy | Hacksaw Ridge | Nominearre |
| 2017 | BAFTA Award | Bêste Regy | Hacksaw Ridge | Nominearre |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Amerikaansk toanielakteur
- Amerikaansk stimakteur
- Amerikaansk senarioskriuwer
- Amerikaansk filmprodusint
- Amerikaansk filmregisseur
- Amerikaansk filantroop
- Australysk filmakteur
- Australysk telefyzje-akteur
- Australysk toanielakteur
- Australysk stimakteur
- Australysk senarioskriuwer
- Australysk filmprodusint
- Australysk filmregisseur
- Australysk filantroop
- Persoan feroardiele foar mishanneling
- Oscar-winner
- Golden Globe-winner
- Icon Productions
- Amerikaansk persoan fan Iersk komôf
- Amerikaansk persoan fan Australysk komôf
- Australysk persoan fan Iersk komôf
- Australysk persoan fan Amerikaansk komôf
- Persoan berne yn 1956
