close
Springe nei ynhâld

Sisak

Ut Wikipedy
Sisak
fêsting
fêsting
Symboalen
Bestjoer
Lân Kroaasje
ProvinsjeSisak-Moslavina
Sifers
Ynwennertal39.619 (31.12.2021)
Oerflak422,75 km²
Befolkingsticht.94 ynw./km²
Hichte100 m boppe seenivo
Oar
Stifting4e iuw f.Kr. (Keltyske delsetting)
Postkoade44000
Netnûmer+385 44
Offisjele webside
www.sisak.hr
Kaart
Sisak (Kroaasje)
Sisak

Sisak is in Kroätyske stêd súdlik fan Zagreb. It is de haadstêd fan 'e provinsje Sisak-Moslavina. Yn 2021 wie it ynwennerstal 39.619. De stêd leit oan de Sava, by de mûning fan de Kupa. Sisak is in sintrum fan de Kroatyske metaalyndustry en hat in oaljeraffinaderij.

Sisak waard yn 'e Keltyske tiid Segestia neamd. Yn 'e Romeinske tiid wie Siscia in grutte en wichtige stêd yn 'e provinsje Pannoanje mei neffens rûzing likernôch 30.000 ynwenners. Ut de tiid tusken 262 en 383 binne munten bewarre bleaun dy't yn Siscia slein binne.

De stêd wie de sit fan in roomsk-katolyk bisdom (Bisdom Sisak). De earste biskop dy't hjoed-de-dei bekend is, wie Quirinus fan Siscia, dy't yn 309 de martlerdea stoar en as hillige fereare wurdt. Oant it jier 590 binne der noch mear biskoppen by namme oerlevere.

Sisak wie yn 'e 9e iuw it sintrum fan in ûnder Frankyske oermacht steand foarstedom Pannoanysk-Kroaasje (Latyn: Pannonia inferior), mei de foarsten Ljudevit (regearre 810–823), Ratimir en Braslav (regearre 880–896).

Yn it jier 901 waard it gebiet koart troch de Hongaren oermastere. Dêrnei waard it ûnderdiel fan it feriene Kroatyske keninkryk, dat oant 1102 selsstannich bleau. Nei dy tiid wie it mear as 800 jier lang ûnderdiel fan 'e Kroatyske Personele Uny mei Hongarije.

Slach by Sisak.

Op 22 juny 1593 fûn hjir de Slach by Sisak plak tusken de Habsburchske Monarchy en it Osmaanske Ryk. It wie ien fan 'e earste oerwinnings op 'e Osmanen. Tamás Erdődy, dy't befel hie oer de ferdigening fan 'e fêsting, waard nei dizze fjildslach ferneamd yn Europa. Sisak (Hongaarsk: Sziszek) wie sûnt 1745 bestjoerlik ûnderdiel fan it Keninkryk Kroaasje en Slavoanje.

Yn 1862 krige de stêd oansluting op it spoar (nei Zagreb en Zidani Most). Yn 1874 waard oan Sisak de status fan Frije Keninklike Stêd ferliend.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich rjochte it fazalleregear fan 'e Unôfhinklike Steat Kroaasje yn Sisak it konsintraasjekamp fan Sisak op. Dat wie offisjeel in weropfiedingskamp foar bern út Servyske, Joadske en Roma-famyljes, mar troch it fersprieden fan sykten en honger waard it praktysk in ferneatigingskamp. Mei de oprjochting fan 'e Sisakske partizanenôfdieling op 22 juny 1941 begûn yn Sisak it wapene ferset tsjin de faksistyske Ustaša.

Brêge oer de Kupa yn Sisak

De status fan yndustrystêd waard nei de Twadde Wrâldkriich ûnderstipe troch de fêstiging fan in filiaal fan 'e Universiteit fan Zagreb, de fakulteit foar metallurgy (1952).

Tsjin 'e ein fan it jier 2020 waard de stêd troch in ierdskodding by Petrinja troffen.

Plakken yn de gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Blinjski Kut, Budaševo, Bukovsko, Crnac, Čigoć, Donje Komarevo, Gornje Komarevo, Greda, Gušće, Hrastelnica, Jazvenik, Klobučak, Kratečko, Letovanci, Lonja, Lukavec Posavski, Madžari, Mužilovčica, Novo Pračno, Novo Selo, Novo Selo Palanječko, Odra Sisačka, Palanjek, Prelošćica, Sela, Sisak, Stara Drenčina, Staro Pračno, Staro Selo, Stupno, Suvoj, Topolovac, Veliko Svinjičko, Vurot en Žabno

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sjoch foar de boarnen oer de skiednis by de:Sisak