Westerburg
| Westerburg | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| dielsteat | ||
| lânkring | Westerwaldkreis | |
| ferbânsgemeente | Westerburg | |
| Stedsyndieling | 3 Stadtteile | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 6.002 (2024) | |
| Oerflak | 18,48 km² | |
| Befolkingsticht. | 343 ynw./km² | |
| Hichte | 82 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 56457 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 50° 33'N 7° 58'E | |
| Offisjele webside | ||
| stadt-westerburg.de | ||
| Kaart | ||
Westerburg is in lytse stêd yn 'e Westerwaldkreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It is it haadplak fan 'e ferbânsgemeente Westerburg en it plak hat in sintrumfunksje foar de omjouwing.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Westerburg waard foar it earst yn 1209 neamd, mar it kastiel (Schloss Westerburg) dat boppe de stêd stiet is nei alle gedachten al yn 'e lette 12e iuw stifte. De namme fan it plak tsjut op 'e lokaasje fan it kastiel yn it westlike diel fan it histoaryke Westerwâld. Yn 'e 13e iuw waard it kastiel de sit fan 'e greven fan Leiningen-Westerburg, in sydtûke fan it machtige Hûs Leiningen. Yn 1292 ferliende keizer Adolf Nassau Westerburg tagelyk mei Wetzlar stedsrjochten. De stêd mocht merken organisearje, hie in beskate foarm fan selsbestjoer en waard fersterke mei muorren en poarten. Yn 'e midsiuwen groeide de stéd út ta in lokaal hannels- en bestjoerssintrum.
Yn 'e Tritichjierrige Kriich hie de stêd lykas in soad oare plakken yn Dútslân mei brannen, epidemyën en konflikten te krijen. Greve Reinhard II fierde yn 1569 it lutherske leauwe yn syn greefskip yn.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Boppe de stêd stiet it midsiuwske kastiel Westerburg, dat yn 1192 foar it earst neamd waard. De noardeastlike en noardlike kant binne de âldste dielen fan it kastiel.
- It Burgmannenhaus is in fakwurkgebou út 1607, dat hjoed-de-dei yn gebrûk is foar kulturele eveneminten.
- Mei de bou fan 'e Slottsjerke waard yn 1517 útein set. De foltôging en ynwijing fûn nei 1540 plak. Sûnt de ynfiering fan 'e reformaasje troch Greve Reinhard II yn 1569 is it in protestantske tsjerke.
- De Us-Leaffrouwetsjerke (Liebfrauenkirche) is in neogoatyske beafeartstsjerke dy't oan 'e ein fan 'e 19e iuw werboud waard op it plak fan in tsjerke, dy't mei de ynfiering fan 'e reformaasje sletten waard en dêrnei yn it neigean rekke.
- De 257,2 meter lange Hülsbachtalbrücke is in spoarbrêge oer de Hülsbach. Sûnt 1985 is de brêge in beskerme monumint. De brêge waard oant 1998 brûkt foar de spoarferbining fan Westerburg nei Rennerod.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Westerburg fan Wikimedia Commons. |