Alaskagril
| Alaskagril | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Calidris mauri | ||||||||||||
| Cabanis, 1857 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Alaskagril (Calidris mauri) is in fûgel út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Folwoeksen fûgels hawwe donkere poaten en in koarte, tinne, donkere snaffel. It lichem is boppe brún en ûnder wyt. Se hawwe in readbrune krún. Dizze fûgel kin dreech te ûnderskieden wêze fan oare ferlykbere lytse steltrinners, benammen de grize gril (Calidris pusilla). Dat is foaral it gefal yn it winterkleed, as beide soarten effen griis binne. De Alaskagril kriget syn winterkleed in stik earder yn 'e hjerst as de grize gril.
In folwoeksen Alaskagril hat in lingte fan 14 oant 17 sm, in wjukspanwiidte fan 35 oant 37 sm en in gewicht fan 22 oant 35 gram.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze soarte briedt yn it noardeasten fan Sibearje en yn it westen en noarden fan Alaska; de fûgel oerwinteret yn it noarden fan Súd-Amearika.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is in seldsume dwaalgast yn West-Jeropa. Yn Nederlân is de soarte mar in pear kear waarnommen. Yn augustus 2019 waard der in pear dagen by De Westhoek yn 'e Fryske Waadsee in Alaskagril sjoen en yn augustus 2024 wie der in fûgel te sjen by de pier yn Holwert.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Alaskagril is ien fan 'e meast foarkommende steltrinners yn Noard-Amearika, mei in rûsde populaasje fan 3,5 miljoen folwoeksen eksimplaren. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern). Der wurdt lykwols oannommen dat de oantallen ôfnimme.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Gril
- Lânseigen fauna yn Anguilla
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bonêre
- Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius
- Lânseigen fauna yn Saba
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Kurasau
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Grenada
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Alaska
