close
Springe nei ynhâld

Glânskielkolibrys

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Archilochus)
Glânskielkolibrys
Robynkielkolibry (mantsje)
Robynkielkolibry (mantsje)
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:toersweleftigen (Apodiformes)
famylje:kolibrys (Trochilidae)
skaaiglânskielkolibrys (Archilochus)
Reichenbach, 1854

De glânskielkolibrys (Archilochus) foarmje in skaai út 'e famylje fan 'e kolibrys (Trochilidae). It skaai omfiemet twa lytse soarten dy't yn Noard-Amearika briede en oerwinterje yn Meksiko en Sintraal-Amearika. De mantsjes fan it skaai steane bekend om harren irisearende kiel dy't, ôfhinklik fan 'e ljochtfal en de soarte, fel read of pears skine kin. Se hawwe in rjochte, tinne snavel.

De fûgels út it skaai Archilochus binne trekfûgels dy't grutte ôfstannen ôflizze tusken harren briedgebieten en de oerwinteringsgebieten. Se ite nektar fan ferskate blommen en fange lytse ynsekten yn 'e loft. Se wurde faak yn tunen en parken sjoen, dêr't se maklik te lokjen binne mei spesjale foerbakjes mei sûkerwetter. It nêst is in lyts keunstwurkje fan plantewol, spinreach en koarstmoas.

It skaai bestiet út twa soarten dy't nau besibbe binne. Yn it westen fan Noard-Amearika, dêr't de ferspriedingsgebieten inoar oerlapje, komt it wolris foar dat dizze twa soarten meiïnoar hybridisearje.

Soarten fan it skaai glânskielkolibrys (Archilochus)
OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeFerspriedingStatus/Trend
robynkielkolibry Archilochus colubris East-Noard-Amearika; winterdeis yn Sintraal-Amearika. net bedrige

[1]

swartkinkolibry Archilochus alexandri West-Noard-Amearika; winterdeis yn Meksiko. net bedrige

[2]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: