Celsius

Celsius is in temperatuerskaal. Hoewol't tsjintwurdich de temperatuer offisjeel yn 'e SI-ienheid Kelvin útdrukt wurde moat, is graden Celsius (°C) noch altiten in soad brûkte en offisjeel tastiene ienheid. Oan 'e iene kant om't men de Celsiusienheid wend is en oan 'e oare kant om't de deistige temperatueren mei help fan dizze ienheid yn hânsume tallen útdrukt wurde kinne. Yn 'e Feriene Steaten en Jamaika wurdt meastal de skaal fan Fahrenheit brûkt.
Oarspronklik wie de Celsiusskaal definiearre mei twa fêste punten:
- De temperatuer wêrby't wetter befriest by in loftdruk fan 1 bar is definiearre as 0 °C.
- De temperatuer wêrby't wetter kôket by in loftdruk fan 1 bar is definiearre as 100 °C.
It berik hjirtusken wurdt ferdield yn 100 like dielen.
Om't sawol it friespunt as it siedpunt fan wetter ôfhingje fan 'e luchtdruk, ûntstie op termyn ferlet fan in bettere definysje. Tsjintwurdich wurdt de Celsius-skaal ôflaat fan 'e kelvin, de SI-ienheid fan temperatuer. De kelvin is sûnt 2019 definiearre troch in fêste wearde ta te kennen oan 'e Boltzmann-konstante. It tripelpunt fan wetter leit by 0,01 °C.
It tripelpunt is in punt dêr't de trije fazes fan wetter (gas, floeistof en fêste stof) by elkoar bestean kinne. It tripelpunt is in fêste kombinaasje fan temperatuer en druk.
In temperatuerferskil fan ien graad Celsius is like grut as in ferskil fan ien kelvin. Mar 0,00 °C komt troch boppesteande definysje oerien mei 273,15 K en 100,00 °C mei 373,15 K. In temperatuer yn kelvin wurdt nei graden Celsius omrekkene troch der 273,15 fan ôf te lûken.
De graad Celsius is neamd nei de Sweedske astronoom Anders Celsius (1701-1744), dy't dizze skaal foar it earst foarstelde yn 1742. Oarspronklik hie Celsius foar eagen dat it friespunt fan wetter by 100 °C lizze soe, en it siedpunt by 0 °C. Oaren (mooglik Carolus Linnaeus of Daniel Ekström) seagen dat leaver omkeard.
Temperatoerskalen mei in tabel omrekkenje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Celsius | ![]() |
| Fahrenheit | ![]() |
| Kelvin | ![]() |
| Rankine | ![]() |
| Réaumur | ![]() |
Lês de data yn 'e tabel fertikaal: 0° Celsius komt oerien mei 32° Fahrenheit, 273 Kelvin, 492° Rankine en 0° Réaumur. | |




