close
Springe nei ynhâld

Elba

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer it Italjaanske eilân. Foar de buorskip yn it eardere Dongeradiel, sjoch: Elba (buorskip).

Elba is in Italjaansk eilân yn de Tyrreenske See, in ûnderdiel fan de Toskaanske Arsjipel. It eilân leit foar de westkust fan Toskane en hat in oerflak fan sa'n 224 km². De haadstêd is Portoferraio. Elba heart ta de provinsje Livorno yn de Italjaanske regio Toskane en hat sa'n 32.000 ynwenners.

Elba is yn de skiednis benammen bekend wurden troch de ballingskip fan Napoleon Bonaparte. Nei't Napoleon yn april 1814 ôfstân die fan 'e troan fan Frankryk, waard er nei Elba ferballe. Hy wenne dêr fan 4 maaie 1814 oant 26 febrewaris 1815. Op dy datum ûntsnapte er fan it eilân en begûn er syn koarte weromkear oan de macht, letter bekend as de Hûndert Dagen.

Elba is in populêre fakânsjebestimming fanwegen de moaie strannen en it heldere wetter fan de see. It eilân is berikber fia in fearboat fanút it kustplak Piombino.

Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.