Haukearn
| haukearn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Aquila fasciata | ||||||||||||
| Vieillot, 1822 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De haukearn (Aquila fasciata, synonym: Hieraaetus fasciatus) is in grutte rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) binnen it skift fan 'e haukeftigen (Accipitriformes).
Uterlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De haukearn is in middelgrutte oant grutte earn mei in kop-sturtlingte fan 55 oant 65 sentimeter en in spanwiidte fan 145 oant 165 sm. Wyfkes binne, lykas by de measte rôffûgels, in stik grutter en swierder as de mantsjes.
De fûgel hat in opfallend en kontrastryk fearrekleed. De boppekant is donkerbrún, faak mei in karakteristike wyt plak op 'e rêch dy't benammen yn 'e flecht goed te sjen is. De ûnderkant is hiel ljocht, hast wyt, mei fine, donkere lingtestreken. De lange, rjochte sturt is griis mei in brede, swarte einbân. De wjukken binne yn ferhâlding ta oare earnen relatyf koart en rûn, wat him goed manûvrearber makket. De poaten en de basis fan 'e snaffel binne opfallend giel.
Fersprieding en biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De haukearn hat in hiel grut mar fragmintearre ferspriedingsgebiet. Hy briedt yn it Middellânske Seegebiet (Súd-Europa en Noard-Afrika), it Midden-Easten, en dwers troch Súd-Aazje oant yn Sina. Oars as in soad oare earnen is de haukearn yn it grutste part fan syn libbensgebiet in stânfûgel dy't it hiele jier troch yn itselde territoarium bliuwt; allinnich jonge fûgels swalkje soms fierder út.
Syn biotoop bestiet út drûge, iepen en heal-iepen lânskippen mei rotswanden of dellingen. Hy hâldt fan rûge, tichtbegroeide heuvelrêgen en mediterrane strûkgebieten (maquis). Ek is de fûgel yn heal-woastinen en agraryske gebieten mei genôch nêstgelegenheid te finen.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jierrenlang stie de haukearn yn 'e wittenskiplike literatuer en yn fûgelgidsen bekend ûnder de namme Hieraaetus fasciatus. Hy waard dêrmei yn itselde skaai set as de folle lytsere dwerchearn (Hieraaetus pennatus).
DNA-ûndersyk fan it begjin fan 'e iuw wiisde lykwols út dat de dwerchearnen genetysk hiel oars yn inoar sitte en it die bliken dat de haukearn folle nauwer besibbe is oan 'e echte earnen fan it skaai Aquila (lykas de keningsearn en de steppe-earn). Dêrom hat it IOC (International Ornithological Committee) de haukearn offisjeel ferhûze nei it skaai Aquila, wêrtroch't de wittenskiplike namme Aquila fasciata wurden is.
De haukearn waard earder ek as ien en deselde soarte behannele mei in nau besibbe earn yn Afrika besuden de Sahara. Dat wie doe de ûndersoarte Hieraaetus fasciatus spilogaster. Hjoed-de-dei wurdt de haukearn yn twa algemien erkende ûndersoarten ferdield:
- Aquila fasciata fasciata: de nominaatfoarm, komt foar yn Europa, Noard-Afrika en it grutste part fan Aazje.
- Aquila fasciata renschi: in isolearre, wat lytsere ûndersoarte mei in folle donkerder streke búk, dy't allinnich foarkomt op in pear lytse Sûnda-eilannen yn Yndoneezje (lykas Floares, Sûmba en Timor).
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De haukearn is in krêftige en agressive jager. Troch syn koartere wjukken kin er mei in grutte faasje tusken de strûken en beammen troch manûvrearje, in jachttechnyk dy't tige tinken docht oan dy fan 'e hauk (Accipiter gentilis).
Syn iten bestiet foar in grut part út middelgrutte fûgels en sûchdieren. Wichtige proaidieren binne kninen, hazzen, patrizen, dowen en ferskate soarten hagedissen. Soms jaget in briedpear ek tegearre om gruttere proaien te pakken.
It nêst wurdt meastentiids boud op in hege útstekkende rots, mar soms ek yn in grutte, âlde beam. It briedseizoen begjint yn Súd-Europa al ier yn febrewaris. It wyfke leit meastentiids 2 aaien, dy't yn sa'n 37 oant 40 dagen útbret wurde. De jongen fleane nei sawat 60 oant 70 dagen út.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De haukearn wurdt troch de IUCN klassifisearre as net bedrige, om't it totale ferspriedingsgebiet en de populaasje yn Aazje noch grut genôch binne.
De Europeeske populaasje hat yn it ferline in dramatyske delgong meimakke, benammen yn Spanje, Frankryk en Grikelân. De grutste bedrigings foar dizze soarte binne elektrokúsje troch heechspanningsmêsten, wynmûnen, yllegale ferfolging en jacht, it ferlies fan biotoop troch yntinsive lânbou en it ôfnimmen fan de kninepopulaasjes troch syktes lykas myxomatose. It Europeeske bolwurk fan 'e soarte is Spanje. Troch it beskermingsmaatregels binne de oantallen yn 'e measte gebieten wer foars omheech gien. Ek de folle lytsere Frânske populaasje hat in groei meimakke. Neffens in rûge rûzing bestiet de wrâldpopulaasje út 20.000 oant 50.000 folwoeksen fûgels.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Echte earn
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn East-Timor
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Jemen
