Pinakel

In pinakel (fan it Latynske pinna foar "wjuk" of "punt") is in term dy't al yn 'e lette midsiuwen yn gebrûk wie en ferwiist nei lytse fjouwerkante of achthoekige stiennen tuorkes dy't op steunbearen en loftbôgen steane. Njonken fersiering tsjinnet de pinakel ek om it gewicht fan 'e steunbear te fergrutsjen, sadat dy mear druk fan 'e loftbôgen opfange kin.
De pinakel bestiet út in foet, in skacht of liif mei dêrboppe in spits. It liif is faak fjouwer- of achthoekich en fersierd mei ûndjippe of bline niskes. De spits wurdt fersierd mei krúsblommen. As in pinakel op 'e hoeke fan in toer set wurdt, hjit dat in hoekpinakel.
De pinakel komt in soad foar yn 'e goatyske tsjerkebou. Letter waard de pinakel ek allinnich dekoratyf brûkt, lykas yn tsjerkemeubilêr (bygelyks oargelkassen, heechalters, koerbanken).
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pinakels fan Wikimedia Commons. |