Wilsters
| Wilsters | ||
| gewoane wilster | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | wilstereftigen (Charadriiformes) | |
| famylje: | wilsterfûgels (Charadriidae) | |
| skaai: | wilsters (Pluvialis) | |
| Brehm, 1830 | ||
Wilsters (Pluvialis) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).
It skaai bestiet út middelgrutte waadfûgels mei koarte poaten en in koarte, stevige snaffel. Yn it briedkleed ha de soarten in opfallende swarte búk mei faak in oangrinzgjende wite bâne. De boppedielen binne bûnt mei gouden en brune plakken. Bûten de briedtiid binne se griisbrún. De slykwilster kypt der wat út: hy is grutter en foarser as de oare soarten en hat yn it briedkleed boppe gjin goudkleurige mar sulvergrize plakken.
Wilsters binne trekfûgels. Se briede op iepen lânskippen lykas tûndra's, gersfjilden en kustgebieten. Se trekke oer grutte ôfstannen nei harren oerwinteringsgebieten.
It iten bestiet meast út ynsekten, wjirms en wringeleazen.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne fjouwer soarten bekend:
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | Status/ Trend |
|---|---|---|---|---|
| wilster | Pluvialis apricaria | Briedt yn Skandinaavje, Yslân, Grut-Brittanje, Noard-Ruslân, oerwinteret yn West-Europa en yn lannen oan 'e Middellânske See. | net bedrige, stabyl[1] | |
| Sibearyske wilster | Pluvialis fulva | Briedt yn Noard-Sibearje en Alaska en oerwinteret yn Súd-Brazylje, Oerûguay en Argentynje. | net bedrige, | |
| Amerikaanske wilster | Pluvialis dominica | Briedt yn East-Sibearje, Alaska en Kanada, oerwinteret fan Marokko oant Iran. | net bedrige, | |
| slykwilster | Pluvialis squatarola | Briedt yn Arktysk Ruslân oant Alaska en Kanada, oerwinteret oan kusten fan Noard-, Súd-Amearika, Europa, Afrika, Súd-Aazje en Australaazje. | kwetsber, | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
