Woiwodskip

In woiwodskip (Poalsk: województwo, meartal: województwa) is de namme fan regionale bestjoersgebieten fan Poalen. It wurd tsjut fan oarsprong it gebiet oan dat troch in woiwode (wojewoda) bestjoerd wurdt: de heechste bestjoerder fan in Poalsk woiwodskip wurdt ek hjoed-de-dei noch oantsjut as woiwode.
Namme en etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurd woiwode (ek: wojewode) komt fan it Slavyske voj-voda, dat letterlik legeroanfierder betsjut (voj = leger, voda = lieder/oanfierder). De betsjutting is dêrmei ferlykber mei de titel fan in hartoch.
Yn it Poalsk wurdt de term województwo allinnich brûkt foar de eigen dielgebieten. Foar provinsjes yn oare lannen brûke de Poalen oare wurden:
Histoaryske eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It begryp woiwodskip hat in lange skiednis yn East-Europa. It âlde Keninkryk Poalen wie al opdield yn woiwodskippen. De foarsten fan Moldaavje en Walachije (yn it hjoeddeiske Roemeenje) droegen ek de titel woiwode. De namme fan 'e regio Vojvodina, in autonome provinsje yn it noarden fan Servje, betsjut letterlik neat oars as "woiwodskip".
Sûnt de bestjoerlike herfoarming fan 1 jannewaris 1999 is Poalen ferdield yn sechstjin woiwodskippen. Elk woiwodskip hat in eigen parlemint, de sejmik. It bestjoer is dualistysk ynrjochte. De Wojewoda wurdt beneamd troch de lanlike regearing om tafersjoch te hâlden en de Marszałek wurdt keazen troch de sejmik as de eigentlike regionale bestjoerder.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Woiwodskippen fan Poalen fan Wikimedia Commons. |