2026
Appearance
| Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
| Jierren: | 2021 | 2022 | 2023 | 2024 | 2025 | 2026 | 2027 | 2028 | 2029 | 2030 | 2031 |
| Gregoriaanske kalinder |
2026 MMXXVI |
| Ab urbe condita | 2779 |
| Armeenske kalinder | 1475 ԹՎ ՌՆՀԵ |
| Etiopyske kalinder | 2018 – 2019 |
| Hebriuwske kalinder | 5786 – 5787 |
| Hindoekalinders | |
| - Vikram Samvat | 2081 – 2082 |
| - Shaka Samvat | 1948 – 1949 |
| - Kali Yuga | 5127 – 5128 |
| Iraanske kalinder | 1404 – 1405 |
| Islamityske kalinder | 1448 – 1448 |
| Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
| Sineeske kalinder | 4722 – 4723 壬巳 – 癸午 |
2026 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2026.)
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 1 - Bulgarije fiert de euro yn as nasjonale muntienheid, en wurdt dêrmei it 21e lân yn 'e Eurosône.
- 1 - Yn de Nederlânske haadstêd Amsterdam rekket de Vondeltsjerke slim skansearre by in grutte brân.
- 1 - By de saneamde Nijjiersbrân fan Crans-Montana komme by in brân yn in kafee, yn it Switserske Crans-Montana, in plak yn it kanton Wallis, 41 minsken om it libben en reitsje nochris 115 oaren ferwûne.
- 3 - De Feriene Steaten fiere oanfallen út op ferskate plakken yn it noarden fan Fenezuëla. Tagelyk wurde de Fenezolaanske presidint Nicolás Maduro en syn frou Cilia Flores fan har bêd lichten troch Amerikaanske kommando's en ûntfierd nei de Feriene Steaten ta, dêr't se yn it tichthús ferdwine.
- 3 - Ekwatoriaal Guinee ferpleatst syn haadstêd fan Malabo op it eilân Bioko nei Ciudad de la Paz op it fêstelân fan Afrika.
- 6 - It westen fan Japan wurdt troffen troch in ierdbeving fan 6,2 op 'e skaal fan Richter. It epysk sintrum lei yn it prefektuer Shimane, it eilân Honshu.
- 7 - Yn 'e Amerikaanske stêd Minneapolis wurdt de demonstrante Renée Good fermoarde troch aginten fan 'e Immigration and Customs Enforcement (ICE).
- 8-9 - De massale protesten yn Iraan wurde yn bloed smoard troch de plysje en de feilichheidstsjinsten, wêrby't neffens de berjochten tsientûzenen demonstranten deamakke wurde.
- 14 - Yn it Taiske distrikt Sikhio falt in kraan op in passazjierstrein, wêrby't 30 minsken omkomme en 64 oaren ferwûne reitsje.
- 14 - Nei oanhâldende drigeminten fan 'e Amerikaanske presidint Donald Trump om Grienlân mei geweld te anneksearjen, begjint Denemark, dêr't Grienlân ta heart, de militêre oefening Operaasje Artic Endurance. Sân Jeropeeske bûnsgenoaten, wêrûnder Nederlân, stjoere troepen.
- 17 - Yn 'e Paraguayaanske haadstêd Asunción ûndertekenje fertsjintwurdigers fan 'e Jeropeeske Uny en Mercosur, in ekonomysk ferbûn besteande út Argentynje, Brazylje, Oerûguay en Paraguay, in frijhannelsoerienkomst.
- 18 - Yn Spanje fynt benoarden it plak Kordoba, yn de autonome mienskip Andalûsje, in treinramp plak. Dêrby komm 46 minsken om en reitsje 291 oaren ferwûne.
- 18 - De Amerikaanske presidint Donald Trump bedriget Denemark, Noarwegen, Sweden, Finlân, Dútslân, Frankryk, it Feriene Keninkryk en Nederlân mei in ferheging fan 'e hannelstariven, om't dy lannen it weage hawwe en stjoer troepen nei Grienlân ta om diel te nimmen oan 'e militêre oefening Operaasje Arctic Endurance. Dêrtroch komt de Grienlânkrisis ta in hichtepunt. Iislân, Sloveenje, Estlân en Belgje beslute yn reäksje op Trump syn drigeminten om ek noch troepen te stjoeren, hoewol't se dat earst net fan doel wiene.
- 20 - Yn 'e Twadde Keamer spjalte 7 leden fan 'e PVV-fraksje har ôf en foarmje de Groep Markuszower. De PVV giet dêrtroch yn it parlemint fan 26 nei 19 sitten en is net mear de grutste partij.
- 21 - Op it World Economic Forum yn it Switserske Davos wurdt de Grienlânkrisis (foarearst) besward nei't de Amerikaanske presidint Donald Trump syn plan ûntpraat is om Grienlân mei geweld te anneksearjen.
- 22 - De Feriene Steaten ferlitte (nei in opsistermyn fan 1 jier) formeel de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO).
- 24 - Yn 'e Amerikaanske stêd Minneapolis wurdt de demonstrant Alex Pretti fermoarde troch aginten fan 'e Immigration and Customs Enforcement (ICE).
- 27 - De Jeropeeske Uny en Yndia slute in fiergeande frijhannelsoerienkomst.
- febrewaris
- 3 - By oanfallen fan 'e islamistyske terreurgroep Boko Haram yn 'e Nigeriaanske steat Kwara falle teminsten 162 deaden.
- 4 - Foar Noard-Nederlân kundiget it KNMI yn 'e iere moarn in waaralaarm ôf fanwegen izel.
- 6-22 - Yn noardlik Itaalje wurde de Olympyske Winterspullen fan Milaan en Cortina d'Ampezzo holden.
- 9 - By in sjitpartij yn it ôfhandige Tumbler Ridge, yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, komme teminsten 9 persoanen om (de skutter ynbegrepen) en reitsje nochris 27 oare ferwûne.
- 20 - It Amerikaansk Heechgerjochtshôf docht de útspraak dat de Amerikaanske presidint Donald Trump ûnder de besteande wetjouwing net it rjocht hat om ynfierheffings op te lizzen yn 'e mjitte wêryn't er dat dien hat. Dêrmei wurde de measte ynfierheffings fan Trump neatich ferklearre.
- 22 - By in operaasje yn 'e steat Jalisco deadet it Meksikaanske Leger 62 leden fan it drugskartel CJNG, ûnder wa de kartelbaas El Mencho. De leden fan it kartel rjochtsje neitiid by in opskuor grutskalige skea en fersteuring fan 'e iepenbiere oarder oan.
- 23 - Yn Nederlân wurdt nei in formaasje fan 117 dagen it Kabinet-Jetten ynstallearre.
- 26 - It sûnt 2024 slommerjende konflikt tusken Pakistan en Afganistan lôget op ta in iepen oarloch, wêrby't de Pakistaanske Loftmacht de Afgaanske haadstêd Kabûl bombardearret.
- 28 - De Iraanoarloch brekt út wannear't Israel en de Feriene Steaten úteinsette mei grutskalige bombardeminten fan 'e Iraanske haadstêd Teheran en oare stêden. Kritisy wize derop dat it ûnder it ynternasjonaal rjocht om in yllegale oarloch giet. De Iraanske opperste lieder, grutajatollah Ali Chamenei, wurdt troch de Israeeljers doelbewust fermoarde. Dat liedt ta in grutte eskalaasje fan it konflikt, wêrby't Iraan net inkeld ferjildingsoanfallen útfiert op Israel, mar ek op Amerikaanske militêre fasiliteiten en diplomatike fertsjintwurdigings yn Irak, Jordaanje, Koeweit, Saûdy-Araabje, Bachrein, Katar, de Feriene Arabyske Emiraten en Omaan.
- maart
- 1 - By it Bloedbad fan Abiemnom wurde yn Abiemnom, yn it noarden fan Súd-Sûdaan, teminsten 169 Dinka fermoarde by in oanfal troch leden fan in oare etnyske groep, de Nûer.
- 2 - De Libaneeske milysje Hezbollah ynterveniëarret oan 'e kant fan Iraan yn 'e Iraanoarloch troch it noarden fan Israel te besjitten mei raketten. Israel reägearret mei bûtenproporsjoneel swiere bombardeminten fan net inkeld militêre, mar ek boargerlike doelen yn hiel Libanon.
- 6-7 - By oerstreamings yn Kenia komme teminsten 66 minsken om.
- 6-15 - Yn Milaan en Cortina d'Ampezzo, yn noardlik Itaalje, wurde de Paralympyske Winterspullen holden. It evenemint is omstriden, mei't it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee Ruslân en Wyt-Ruslân wer tastiet om ûnder eigen flagge diel te nimmen, wylst de Russysk-Oekraynske Oarloch, wêrfoar't de beide lannen fan ynternasjonale sporteveneminten ferballe wiene, noch altyd trochgiet.
- 8 - Yn Iraan folget Mozjtaba Chameneï, de soan fan 'e troch Israel yn it ramt fan 'e oangeande Iraanoarloch fermoarde ajatollah Ali Chameneï, syn heit op as opperste lieder.
- 16 - By in bombardemint, útfierd troch Pakistan yn it ramt fan 'e oangeande Afgaansk-Pakistaanske Oarloch, op in ôfkickklinyk yn 'e Afgaanske haadstêd Kabûl komme teminsten 400 minsken om.
- 24 - De Jeropeeske Uny en Austraalje slute in frijhannelsferdrach, AEUFTA.
- 25 - By in rjochtsaak yn 'e Feriene Steaten wurde Meta (de memme-ûndernimming fan Facebook en Instagram) en YouTube ferantwurdlik holden foar it moedwillich feroarsaakjen fan ferslaving oan sosjale media, en feroardiele ta it beteljen fan $6 miljoen oan boetes en skeafergoeding.
- 25 - Mei Sarah Mullally wurdt yn Ingelân foar it earst in frou ynstallearre as aartsbiskop fan Canterbury en aldendeisk haad fan 'e Anglikaanske Tsjerke.
- april
- 1-11 - De Artemis II-misje fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA makket in rûntsje om 'e moanne en keart ûnskansearre werom op 'e Ierde. It is de earste bemanne romtefeartmisje bûten in baan om 'e Ierde sûnt Apollo 17 yn 1972.
- 7 - Yn 'e oangeande Iraanoarloch komme de Feriene Steaten en Iraan ûnder bemiddeling fan Pakistan in sjitferbod fan fjirtjin dagen oerien. De trêde partij yn 'e oarloch, Israel, leit him dêr ûnder Amerikaanske druk mei tsjinnichheid by del.
- 12 - By de Hongaarske parlemintsferkiezings wurdt de politike partij FIDESZ fan 'e langjierrige premier Viktor Orbán ferslein troch Tisza fan opposysjelieder Péter Magyar. Hoewol't it ferskil yn stimmen net iens sa mâle grut is, wint Tisza, troch it kiesdistriktestelsel dat Orbán ynfierd hat, de grutte mearderheid fan 'e parlemintssitten.
- 13 - Yn 'e Iraanoarloch begjinne de Feriene Steaten mei in eigen blokkade fan 'e Iraanske blokkade fan 'e Strjitte fan Hormûz.
- 16 - Under druk fan 'e Feriene Steaten stimt Israel yn mei in sjitferbod oan it Libaneeske front fan 'e Iraanoarloch.
- 19 - By de parlemintsferkiezings yn Bulgarije wint PB, de partij fan 'e pro-Russyske âld-presidint Rumen Radev de mearderheid fan 'e sitten.
- 21 - It sjitferbod yn 'e Iraanoarloch wurdt ferlinge.
- 25 - By in offinsyf fan it Befrijingsfront fan Azawad (in nasjonalistyske groepearring stribjend nei in eigen steat foar de Tûareks) y.g.m. IS wurde de stêd Tikal en in diel fan 'e stêd Gao ferovere op it Malineeske leger.
- 27 - Kening Willem-Alexander, keninginne Máxima en oare leden fan 'e keninklike famylje fiere Keningsdei yn Dokkum.
- maaie
- 1 - De Feriene Arabyske Emiraten, dy't ien fan 'e grutste oaljeprodusinten fan 'e wrâld binne, stappe út 'e OPEC, it kartel fan ierdoaljeprodusearjende lannen.
- 4 - By de Fjoerwurkramp yn Liuyang, yn Sina, komme by in grutte ûntploffing 37 minsken om en reitsje 51 oaren ferwûne.
- 16 - De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) ropt de útbraak fan it ebolafirus yn it noardeasten fan 'e Demokratyske Republyk Kongo út ta in epidemy fan ynternasjonale soarch.
- 20 - Ald-presidint Raúl Castro fan Kuba wurdt troch de Feriene Steaten oanklage foar it delsjitten, yn 1996, fan twa privee-fleantúchjes mei Amerikaanske boargers oan board, dy't boppe Kuba pamfletten útstruiden wêryn't oproppen waard ta ferset tsjin it Kubaanske regear. Om dit 30 jier nei dato nochris te dwaan wurdt algemien sjoen as in besykjen fan 'e Feriene Steaten om Kuba fierder ûnder druk te setten.
- 22 - It begjin fan in hjitteweach yn in grut diel fan Jeropa, wêrby't, foar maaie, temperatueren berikt wurde dy't sûnder presedint binne.
- 22 - By in myngasûntploffing yn in stienkoalmyn yn it Sineeske Liushenyu komme 82 mynwurkers om.
- juny
- 1 - In swiere ierdbeving fan 7,8 op 'e skaal fan Richter treft it eilân Mindanao yn 'e súdlike Filipinen. Der komme 82 minsken om en 1.319 oaren reitsje ferwûne.
- 11 - De Amerikaanske National Oceanic and Atmospheric Administration (NOAA) stelt fêst dat it klimaatferskynsel El Niño him wer foardocht.
- 1-19 july - Yn 'e Feriene Steaten, Meksiko en Kanada wurdt it Wrâldkampioenskip Fuotbal 2026 holden. Spanje wurdt foar de twadde kear wrâldkampioen.
- 11 - By Vogelwaarde, yn Siuwsk-Flaanderen, fljocht in te hurd ridende auto út 'e bocht en skept op in njonken de wei lizzend fytspaad in skoalklasse út Axel dy't op skoalkamp is. Trije bern en de direktrise fan 'e skoalle komme om, wylst ferskate oare skoalbern swierferwûne yn it sikehûs bedarje.
- 15-17 - De Feriene Steaten en Iraan ûndertekenje it Memorandum fan Islamabad, in fierder út te wurkjen oerienkomst, dy't it útgongspunt foarmje moat foar ûnderhannelings om in ein oan 'e Iraanoarloch te meitsjen.
- 18-29 - By in swiere hjitteweach yn Noardwest-Jeropa rinne de temperatueren oerdeis op oant boppe de 40 °C. Yn Nederlân berikt de hjittens op freed 26 juny in hichtepunt mei in rekôrtemperatuer fan 39,4 °C yn it Limburchske Ell. Yn Fryslân wurde dyselde deis temperatueren fan 33,6 °C metten.
- 21 - By it ûntbleatsjen fan it Nasjonaal Moluksk Monumint Ulu Kora op 'e Lloydkade yn Rotterdam biedt premier Rob Jetten út namme fan it Nederlânsk regear formeel syn ûntskuldigings oan foar de behanneling fan 'e earste generaasje Molukkers yn Nederlân.
- 22 - De yn syn eigen lân tige ympopulêre Britske premier Keir Starmer kundiget syn ôftreden oan.
- 24 - By twa swiere ierdbevings efterinoar fan 7,2, resp. 7,5 op 'e skaal fan Richter wurdt yn it noardwesten fan Fenezuëla slimme skea oanrjochte. Op 1 augustus stiet it deadetal op mear as 5.500 en binne der krapoan 17.000 ferwûnen teld, wylst noch 18.000–50.000 minsken fermist wurde.
- july
- 3-9 - Yn Iraan wurdt de steatsbegraffenis holden fan 'e alderheechste lieder Ali Chameneï, dy't yn febrewaris omkaam by in Israelysk bombardemint yn it ramt fan 'e Iraanoarloch.
- 6 - Yn it ramt fan it Fredesplan foar Gaza jout de militante Palestynske fersetsbeweging Hamas it boargerlik bestjoer oer de Gazastripe op.
- 7 - It Ynternasjonaal Olympysk Komitee heft de útsluting fan it Russysk Olympysk Komitee op, sadat Russen tenei wer ûnder harren eigen flagge oan 'e Olympyske Spullen meidwaan kinne.
- 8 - It sjitferbod, dat ôfsprutsen wie ûnder it Memorandum fan Islamabad, beswykt ûnder skeinings fan beide kanten. De Feriene Steaten en Iraan ferfetsje harren bombardeminten en besjittings oer en wer yn it ramt fan 'e Iraanoarloch.
- 12 - By in kafeebrân yn 'e Taiske haadstêd Bangkok komme 34 lju om en reitsje mear as 70 oaren ferwûne.
- 20 - Andy Burnham wurdt troch kening Karel III oansteld as premier fan it Feriene Keninkryk as opfolger fan Keir Starmer. Hy is de sânde premier yn tsien jier.
- 20 - De Hûty-rebellen yn Jemen kundigje in blokkade ôf fan 'e Strjitte fan Bab-el-Mandeb (fan 'e Reade See nei de Golf fan Aden) foar Saûdyske skippen.
- 20 - Presidint Daniel Ortega fan Nikaragûa kundiget oan dat der tenei gjin ferkiezings mear plakfine sille yn syn lân.
- 22-30 - Omreden fan grutte natoerbrannen moatte yn Frankryk, Spanje en Portegal 300.000 minsken út harren wenplakken evakuëarre wurde. Yn Frankryk, dêr't de natoerbrannen benammen by Bordeaux woede, wurdt sprutsen fan 'e slimste natoerbrannen yn desennia, wylst yn Spanje, dêr't de haadstêd Madrid fan twa kanten ôf bedrige wurdt, sprutsen wurdt fan 'e slimste natoerbrannen ea.
- 25 - By in oanslach op 'e Berlin Pride riidt in Dútser fan Libaneesk komôf mei in bestelbuske yn op feestfierende minsken. Dêrby komt ien persoan om, wylst 29 oaren ferwûne reitsje. De dieder wurdt letter troch de plysje opspoard yn in folkstúntsjeskompleks yn Berlyn en by syn arrestaasje deasketten.
- 28 - De stêd Kumamoto en omkriten, op it súdlike Japanske eilân Kjûsjû, wurde troffen troch in ierdbeving fan 6,8 op 'e skaal fan Richter. Dêrby komme teminsten 30 lju om, wylst teminsten 60 oaren ferwûne reitsje.
- 29 - Menno van Zwieten, Rick Minnesma en Tjisse Steenstra winne yn Frjentsjer de 173ste PC. Tjisse Steenstra wurdt foar de fjirde kear útroppen ta kening.
- 30 - Yn reäksje op 'e driging fan it ôfsluten fan 'e skipfeart yn 'e Reade See troch de Jemenityske Hûty-rebellen kundiget Saûdy-Araabje de oprjochting oan fan in koälysje fan fjirtjin lannen dy't de frije skipfeart troch de Strjitte fan Bab-el-Mandeb (tusken de Reade See en de Golf fan Aden) garandearje wolle.
- 30 - Mear as 50.000 jonge, wurkleaze Marokkanen bestoarmje de Spaanske eksklave Ceuta, op 'e Noardafrikaanske kust, om sa tagong te krijen ta de Jeropeeske Uny.
- augustus
- 5 - Dronryp wint yn Wommels de 124ste Freulepartij.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 6 - Jaap Pop, Nederlânsk boargemaster en fotograaf (* 1941)
- 12 - Robert Jensen, Nederlânsk telefyzjepresintator (* 1973)
- 13 - Annemarie Prins, Nederlânsk aktrise (* 1932)
- 13 - Claudette Colvin, Amerikaansk minskerjochte-aktiviste (* 1939)
- 26 - Sly Dunbar, Jamaikaanske drummer en produsint (* 1952)
- 30 - Catherine O'Hara, Kanadeesk-Amerikaansk aktrise (* 1954)
- febrewaris
- 3 - Remco Heite, Frysk boargemaster (* 1946)
- 7 - Brad Arnold, Amerikaansk sjonger (* 1978)
- 11 - James Van Der Beek, Amerikaansk akteur (* 1977)
- 17 - Jesse Jackson, Amerikaansk aktivist en politikus (* 1941)
- 23 - Peter Karstkarel, Frysk publisist, (keunst)histoarikus, neerlandikus, arsjitektuerkenner (* 1945)
- 28 - Ali Chameneï, Iraansk presidint en grutajatollah (* 1939)
- maart
- 10 - IJf Blokker, Nederlânske akteur, sjonger, komyk, presintator. (* 1930)
- april
- 18 - Géjanna Buma, Frysk keatster (* 1978)
- juny
- 19 - Eppie Dam, Frysk dichter, skriuwer en fertaler (* 1953)
- 24 - Elske Falkena, Frysk aktrise (* 1970)
- july
- 4 - Gerard Daandels, Nederlânsk boargemaster (* 1946)
- 15 - Guy Scott, presidint fan Sambia (* 1944)
- 31 - Jerney Kaagman, Nederlânsk sjongeres (* 1947)
- augustus
- 6 - Peter Faber, Nederlânsk akteur (* 1943)
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tillefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jierren: | 2021 | 2022 | 2023 | 2024 | 2025 | 2026 | 2027 | 2028 | 2029 | 2030 | 2031 |
| Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
