Haukfûgels
Appearance
| Haukfûgels | ||
| reade glee (Milvus milvus) | ||
| Taksonomy | ||
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| rangleas: | bitterfûgels (Afroaves) | |
| skift: | rôffûgels (Accipitriformes) | |
| famylje: | haukfûgels (Accipitridae) | |
| Veillot, 1816 | ||
De haukfûgels (Accipitridae) binne in famylje yn it skift fan de rôffûgels of haukeftigen (Accipitriformes). De famylje omfet alle fûgels út it skift, útsein de sân gieren fan de Nije Wrâld (Cathartidae), de siktarisfûgel (Sagittariidae) en de twa fiskearnfûgels (Pandionidae).
De fûgels yn dizze famylje hawwe heakbekken en kinne ornaris op de kop de fearren oerein sette. Oars as by de measte oare fûgelfamyljes is it wyfke ornaris grutter as it mantsje.
Klassifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- famylje haukfûgels (Accipitridae)
- ûnderfamylje earnen (Aquilinae)
- skaai Afrikaanske swarte túfearnen of Afrikaanske swarte toefearnen (Lophatus): 1 soarte
- skaai Amerikaanske túfearnen of Amerikaanske toefearnen (Spizaetus): 4 soarten
- skaai dwerchearnen (Hieraaetus): 5 soarten + 1 soarte †
- skaai echte earnen (Aquila): 11 soarten
- skaai fjochtearnen (Polemaetus): 1 soarte
- skaai Yndyske swarte earnen (Ictinaetus): 1 soarte
- skaai krytearnen (Clanga): 3 soarten
- skaai kroanearnen (Stephanoaetus): 1 soarte + 1 soarte †
- skaai readbúkdwerchearnen (Lophotriorchis): 1 soarte
- skaai túfearnen of toefearnen (Nisaetus): 10 soarten
- ûnderfamylje fearkopgieren fan de Alde Wrâld (Gypaetinae)
- skaai iesgieren (Neophron): 1 soarten
- skaai lammegieren (Gypaetus): 1 soarte
- skaai palmgieren (Gypohierax): 1 soarte
- ûnderfamylje grize gleeën (Elaninae)
- skaai pearelgleeën (Gampsonyx): 1 soarte
- skaai skiere gleeën (Elanus): 4 soarten
- skaai swellegleeën (Chelictinia): 1 soarte
- ûnderfamylje harpij-earnen (Harpiinae)
- skaai flearmûzegleeën (Macheiramphus): 1 soarte
- skaai harpijen (Harpia): 1 soarte
- skaai Papoea-earnen (Harpyopsis): 1 soarte
- skaai wurchearnen (Morphnus): 1 soarte
- ûnderfamylje hauken en sparwers (Accipitrinae)
- skaai Afrikaanske hauken (Aerospiza): 2 soarten
- skaai doriahauken of Doria's hauken (Megatriorchis): 1 soarte
- skaai faasjehauken (Tachyspiza): 27 soarten
- skaai gabarhauken (Micronisus): 1 soarte
- skaai hagedissemûzefalken (Kaupifalco): 1 soarte
- skaai hauken of echte hauken (Astur): 9 soarten
- skaai hoanskrobbers (Circus): 16 soarten
- skaai langsturthauken (Urotriorchis): 1 soarte
- skaai reade hauken (Erythrotriorchis): 2 soarten
- skaai sjonghauken (Melierax): 3 soarten
- skaai sparwers (Accipiter): 9 soarten
- ûnderfamylje huningfalkfûgels of wapsebiterfûgels (Perninae)
- skaai griiskopgleeën (Leptodon): 2 soarten
- skaai huningfalken of wapsebiters (Pernis): 4 soarten
- skaai koartsturtgleeën (Lophictinia): 1 soarte
- skaai koekoeksgleeën of koekútsgleeën (Aviceda): 5 soarten
- skaai langsnaffelgleeën (Chondrohierax): 2 soarten
- skaai Madagaskarslange-earnen (Eutriorchis): 1 soarte, pleatsing ûnwis
- skaai Melanezyske huningfalken of Melanezyske wapsebiters (Henicopernis): 2 soarten
- skaai mûzefalkgleeën (Hamirostra): 1 soarte
- skaai swellesturtgleeën (Elanoides): 1 soarte
- ûnderfamylje kealkopgieren fan de Alde Wrâld (Aegypiinae of Gypinae)
- skaai eargieren (Torgos): 1 soarte
- skaai gieren of echte gieren (Gyps): 8 soarten
- skaai kapgieren (Necrosyrtes): 1 soarte
- skaai muontsegieren (Aegypius): 1 soarten
- skaai readkopgieren (Sarcogyps): 1 soarte
- skaai wytkopgieren (Trigonoceps): 1 soarte
- ûnderfamylje kealkophoanskrobberfûgels (Polyboroidinae)
- skaai kealwanghoanskrobbers (Polyboroides): 2 soarten
- ûnderfamylje mûzefalkfûgels of mûzebiterfûgels (Buteoninae)
- tûke gleeën en see-earnen (Milvini)
- skaai gleeën (Milvus): 3 soarten
- skaai rivierearnen (Icthyophaga): 6 soarten
- skaai see-earnen (Haliaeetus): 4 soarten
- skaai seegleeën (Haliastur): 2 soarten
- tûke echte mûzefalkfûgels (Buteonini)
- skaai Amerikaanske gleeën (Ictinia): 2 soarten
- skaai beneimûzefalken (Parabuteo): 2 soarten
- skaai Bermudamûzefalken (Bermuteo): 1 soarte †
- skaai bûnte mûzefalken (Pseudastur): 3 soarten
- skaai donkergrize mûzefalken (Cryptoleucopteryx): 1 soarte
- skaai grize mûzefalken (Geranoaetus): 3 soarten
- skaai langpoathoanskrobbers (Geranospiza): 1 soarte
- skaai moerasmûzefalken (Busarellus): 1 soarte
- skaai mûzefalken of echte mûzefalken (Buteo): 28 soarten
- skaai mûzefalkhauken (Butastur): 4 soarten
- skaai slakkegleeën (Rostrhamus): 1 soarte
- skaai slanksnaffelgleeën (Helicolestes): 1 soarte
- skaai streekte mûzefalken (Morphnarchus): 1 soarte
- skaai swarte mûzefalken (Buteogallus): 9 soarten
- skaai weimûzefalken (Rupornis): 1 soarte
- skaai wytbúkmûzefalken (Leucopternis): 3 soarten
- tûke gleeën en see-earnen (Milvini)
- ûnderfamylje slange-earnfûgels (Circaetinae)
- skaai ape-earnen (Pithecophaga): 1 soarte
- skaai Aziatyske slange-earnen (Spilornis): 6 soarten
- skaai bateleurs (Terathopius): 1 soarte
- skaai Madagaskarslange-earnen (Eutriorchis): 1 soarte, pleatsing ûnwis
- skaai slange-earnen (Circaetus): 7 soarten
- ûnderfamylje toskegleeën en dwerchsparwers (Harpaginae)
- skaai dwerchsparwers (Microspizias): 2 soarten
- skaai toskegleeën (Harpagus): 2 soarten
- ûnderfamylje túfhaukfûgels of toefhaukfûgels (Lophospizinae)
- skaai túfhauken of toefhauken (Lophospiza): 2 soarten
- ûnderfamylje earnen (Aquilinae)