Easterske ekster
| Easterske ekster | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pica serica | ||||||||||||
| Gould, 1845 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Easterske ekster (wittenskiplike namme: Pica serica) is in fûgel út it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes), de famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae) en it skaai fan 'e eksters (Pica). Dit bist komt foar yn East-Aazje en dielen fan noardlik Súdeast-Aazje en súdeastlik Sibearje. Hiel lang waard oannommen dat de Easterske ekster in ûndersoarte fan 'e (gewoane) ekster (Pica pica) wie, mar nij ûndersyk brocht yn 2018 oan it ljocht it om in selsstannige soarte giet. De IUCN hat de dizze nije soarte noch net beoardiele op status.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Easterske ekster waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1845 troch de Ingelske ornitolooch John Gould. Dizze fûgel waard krapoan 175 jier lang oansjoen foar in ûndersoarte fan 'e (gewoane) ekster (Pica pica), dy't yn Jeropa en dielen fan Aazje foarkomt. Pas yn 2003 kaam by molekulêr fylogenetysk ûndersyk oan it ljocht dat de Easterske ekster eins in selsstannige soarte is.
Boppedat is dizze soarte sels al langer fan 'e gewoane ekster isoleare as de gielsnaffelekster (Pica nuttalli) fan Kalifornje, de kwa uterlik meast ôfwikende soarte fan it skaai fan 'e eksters (Pica). It tinken is dat de lêste mienskiplike foarâlder fan 'e Easterske ekster en de gewoane ekster yn it Ier-Plioseen libbe hawwe moat, 5,0–4,5 miljoen jier lyn. De Easterske ekster en trije oare 'ûndersoarten' fan 'e ekster wurde sûnt 2018 troch de measte ornitologyske autoriteiten erkend as selsstannige soarten. Guon oars wol gesachhawwende ornitologyske organisaasje, lykas BirdLife International, beskôgje de Easterske ekster lykwols noch altyd as in ûndersoarte fan 'e gewoane ekster.

Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Easterske ekster libbet yn East-Aazje, dêr't er lânseigen is yn Mantsjoerije, eastlik, sintraal en súdlik Sina, eastlik en súdlik Mongoalje, op it Koreaansk Skiereilân en op Taiwan en Hainan. Dizze fûgel komt ek foar yn it súdeasten fan Sibearje, yn 'e Amoerregio, de Sichote-Alin en it Kustterritoarium. De súdlike grins fan it ferspriedingsgebiet rint troch it noarden en easten fan Súdeast-Aazje, fan it uterste noardeasten fan Yndia fia noardlik Birma en noardlik en eastlik Laos nei de kust fan 'e Súdsineeske See yn súdlik-sintraal Fjetnam.
Dêropta libbet de Easterske ekster ek yn it noarden fan it Japanske eilân Kjûsjû, dêr't dizze fûgel in troch de minske yntrodusearre eksoat is. Op basis fan waarnimmings liket it wierskynlik dat er dêrwei op eigen krêft oare dielen fan 'e Japanske Eilannen oan it kolonisearjen is, wêrûnder sintraal Honsjû en súdwestlik Hokkaido.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Easterske ekster hat trochinoar in totale lichemslingte fan 40–51 sm, mei in gewicht fan likernôch 240 g. De gruttere yndividuën fan dizze soarte binne de grutsten fan alle ekstersoarten. Yn ferliking mei de (gewoane) ekster (Pica pica) is de Easterske ekster wat gnobsker boud, mei in navenant koartere sturt, mar langere wjukken. It fearrekleed is, krekt as by alle eksters, swartbûnt. De kop, nekke, kiel, it boarst, de rêch, poaten, sturt en it meastepart fan 'e wjukken binne swart, wylst de bealch, skouders en úteinen fan 'e wjukken wyt binne. Oer de rêch, sturt en yn 't bysûnder de swarte dielen fan 'e wjukken leit in sterk pearzige glâns, dy't, ôfhinklik fan 'e ljochtfal ek blauwich of grienich lykje kin.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Easterske ekster libbet yn iepen wâlden, fjilden mei strewelleguod en savanne-eftige kriten mei hjir en dêr in klútsje beammen. Hy hat him ek goed oanpast oan it libben yn kultuerlânskippen, lykas parken en tunen mei beammen.

Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Easterske ekster is in stânfûgel, dy't it hiele jier rûn yn syn wengebiet oanwêzich is. Hy libbet yn pearkes fan in mantsje en in wyfke. Easterske eksters fêstigje in territoarium, dat se ferdigenje tsjin ynkringende soartgenoaten. Har fan prikken boude nêst is rommelich en koepelfoarmich. It wurdt opfallend pleatst op peallen of yn beammen. De piken binne nêstbliuwers, dy't nei it útkommen fan 'e aaien noch wikenlang troch de âlden fersoarge wurde moatte.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Easterske eksters hawwe in omnivoar dieet, dat bestiet út wringeleas dierte, lykas ynsekten, oare lidpoatigen en wjirms, en dêrnjonken lytse sûchdieren, de aaien en piken fan oare fûgelsoarten, beien en oare fruchten, sieden en ies.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Easterske ekster binne ferskate soarten haukfûgels en ûlen.

de gewoane Easterske ekster (P. s. serica)
Anderssons ekster (P. s. anderssoni)
Jankowski's ekster (P. s. jankowskii)
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Easterske ekster is sa'n nije soarte, dat de Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN) der noch net oan ta kommen is om in evaluaasje te meitsjen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 3 (stân fan saken yn 2018) erkende ûndersoarten fan 'e Easterske ekster (Pica serica):
- de anderssonekster of Anderssons ekster (P. s. anderessoni (súdlik Mongoalje en noardlik-sintraal Sina)
- de gewoane Easterske ekster (P. s. serica (de nominaat; eastlik, sintraal en súdlik Sina, súdlik Mantsjoerije, it Koreaanske Skiereilân, Kjûsjû, Taiwan, Hainan, noardlik en sintraal Fjetnam, noardlik en eastlik Laos, noardlik Birma en noardeastlik Yndia)
- de jankowski-ekster of Jankowski's ekster (P. s. jankowskii (noardlik Mantsjoerije, eastlik Mongoalje en súdeastlik Sibearje)
Betsjutting yn 'e kultueren fan East-Aazje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Sina wurde (Easterske) eksters sjoen as in foarteken fan lok. Dat wurdt ek werjûn yn it wurd foar "ekster" yn it Sineesk (ferienfâldige karakters: 喜鹊; tradisjonele karakters: 喜鵲; pinyin-transliteraasje: xǐquè), wêrfan't it earste karakter ek it wurd is foar "lokkigens". De Easterske ekster wie ûnder de Qing-dynasty (1636–1912) de offisjele "fûgel fan freugde". It Qixifeest, in Sineeske hjeldei, fiert it folksferhaal De Kowehoeder en de Weefster, wêryn't in brêge fan eksters de minners elts jier op 'e sânde dei fan 'e sânde moanne wer byinoar bringt.
Ek yn 'e Koreaanske kultuer wurdt de Easterske ekster sjoen as in fûgel dy't in protte lok en foarspoed bringt. It is in folksgebrûk foar bern om, by it wikseljen fan it molkegebit, de útfallen tosk of kies op it dak te goaien en in ferske te sjongen foar in ekster, dy't dan in ferfangende tosk of kies bringe sil dy't op it iepen plak yn 'e mûle yngroeit. De Easterske ekster is ek in frij algemien symboal fan 'e etnyske Koreaanske identiteit; it is de nasjonale fûgel fan sawol Noard-Koreä as Súd-Koreä en de offisjele fûgel fan ferskate stêden, distrikten en provinsjes yn Súd-Koreä.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder ûnder: Noter, op dizze side.
|

