Gielsnaffelekster
| gielsnaffelekster | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pica nuttalli | ||||||||||||
| Audubon, 1837 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De gielsnaffelekster (wittenskiplike namme: Pica nuttali) is in fûgel út it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes), de famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae) en it skaai fan 'e eksters (Pica). Dit bist komt as stânfûgel foar yn Kalifornje. Wat uterlike skaaimerken oangiet, is it fierwei de meast ôfwikende ekstersoarte, mar genetysk blykt dizze fûgel nau besibbe te wêzen oan 'e Amerikaanske ekster (Pica hudsonia), dy't yn it westen en noardwesten fan Noard-Amearika foarkomt. De gielsnaffelekster is in opportunistyske omnivoar dy't ornaris yn koloanjes nêstelet en de foarkar jout oan iepen en healiepen gebieten. De IUCN klassifisearret dizze soarte as kwetsber, wat it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid is.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielsnaffelekster waard foar it earst yn 1837 wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske ornitolooch John James Audubon. Dyselde joech dizze fûgel de wittenskiplike namme Pica nuttalli, wêrmei't er de Ingelske natoerûndersiker Thomas Nuttall (1786–1859) earje woe.

Mei't de gielsnaffelekster morfologysk dúdlik ôfwykt fan 'e (gewoane) ekster (Pica pica), waard er altyd al as in selsstannige soarte erkend. De Amerikaanske ekster (Pica hudsonia) krige dy erkenning pas yn 2000, en de Asirekster (Pica asirensis), de Easterske ekster (Pica serica), de Magrebekster (Pica mauritanica) en de swartstútekster (Pica bottanensis) waarden net earder as yn 2018 fan 'e gewoane ekster ôfspjalten. Nettsjinsteande dat hat ûndersyk nei it mitogondriaal DNA fan 'e eksters oan it ljocht brocht dat de gielsnaffelekster tige nau besibbe is oan 'e Amerikaanske ekster, wylst de tige op inoar lykjende Amerikaanske ekster en gewoane ekster folle minder nau besibbe binne.
Evolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As resultaten fan ûndersyk nei fossilen kombinearre wurde mei paleobiogeografyske data en de útkomsten fan 'e molekulêre analyze fan 'e ûnderskate ekstersoarten, kin konkludearre wurde dat de foarâlden fan 'e gielsnaffelekster yn Kalifornje isolearre rekken koart nei't de ekster foar it earst fia de Beringlânbrêge Noard-Amearika berikt hie. Dat moat yn it Plioseen west hawwe, likernôch 4–3 miljoen jier lyn. De isolaasje fan dizze fûgel yn Kalifornje wie it gefolch fan 'e oanhâldende geologyske optilling fan 'e Sierra Nevada, in berchtme dat dêrtroch yn 'e neifolgjende iistiden sa'n gletsjerfoarming hie, dat it in net troch te kommen obstakel waard. Dat de gielsnaffelekster en de Amerikaanske ekster op genetysk mêd noch mar sa'n bytsje faninoar ferskille, bewiist lykwols dat de beide soarten har yn 'e ynterglasialen, wannear't de gletsjers fuortteiden, noch mei-inoar fuortplante hawwe moatte, oant der geandewei it Pleistoseen in folsleine reproduktive skieding tusken de beide fûgels ûntstie.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielsnaffelekster is yn syn fersprieding beheind ta de Amerikaanske steat Kalifornje. Dêr komt er foar yn 'e Sintrale Delling, it diel fan it Pasifysk Kustberchtme besuden de Baai fan San Francisco mar benoarden de stêdekloft fan Los Angeles, en teffens yn it westlike part fan 'e Sierra Nevada en, noardliker, yn it súdwestlike part fan 'e Cascades. Oarekant dy beide berchtmen begjint it ferspriedingsgebiet fan 'e Amerikaanske ekster (Pica hudsonia).
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielsnaffelekster is in middelgrutte kriefûgel mei in totale lichemslingte fan 43–54 sm, dêr't de lange sturt likernôch de helte fan útmakket. It gewicht bedraacht 150–170 g. Der bestiet gjin seksuele dimorfy by dizze fûgel. Krekt as alle oare ekstersoarten hat ek de gielsnaffelekster in swartbûnt fearrekleed, dat swart is op 'e kop, nekke, kiel, it boarst, de rêch, it meastepart fan 'e wjukken, de poaten, de stút en de sturt, en wyt op 'e skouders, bealch en de úteinen fan 'e wjukken. Oer de swarte fearren hinne, benammen dy fan 'e wjukken en de sturt, leit in glâns dy't, ôfhinklik fan 'e ljochtfal, in grienige, blauwige of pearzige tint hat. It punt dêr't de gielsnaffelekster sterk op ôfwykt fan 'e oare ekstersoarten is syn fel giele snaffel (dy't by alle oare ekstersoarten swart is). Teffens hat er giele râne ûnder de eagen lâns, dy't by guon eksimplaren hielendal om it each hinne rint, as in soartemint bril.

Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gielsnaffeleksters jouwe de foarkar oan healiepen wâldlân en iepen gebieten mei hjir en dêr in klútsje beammen of in boskje strewelleguod. Yn 'e briedtiid bouwe se har nêst yn boskjes hege beammen oan 'e iggen fan rivieren en yn 'e neite fan iepen terrein. Mar se hawwe har ek oanpast oan it libben yn parken en tunen binnen de beboude kom fan doarpen en stêden, en yn guon stêden binne se sels úteinset mei te nêsteljen yn fakante perselen en op oare fertutearze plakken.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielsnaffelekster is in sosjale fûgel, dy't it selskip fan soartgenoaten opsiket by sawol it foerazjearjen as it rêsten. Dat lêste wurdt dien mei in protte eksimplaren yn ien beam. Yn guon gebieten bestiet in grut sintraal rêstplak dêr't in protte gielsnaffeleksters de nacht trochbringe mei dêromhinne ferskate lytsere rêstplakken mei minder fûgels, dy't dochs ta deselde sosjale groep hearre. As in gielsnaffelekster deagiet, komme der faak in protte soartgenoaten by it kadaver gear, dy't foar in perioade fan 10–15 minuten lûd krasse. Dy foarm fan hâlden en dragen hawwe ornitologen noch gjin ûnderboude ferklearring foar, ek al leit it foar de hân om fan minsklik tinken út te sizzen dat it om in foarm fan rou giet. Sa'n gearkomste by it kadaver fan in deade soartgenoat wurdt troch ornitologen dêrom in "begraffenis" neamd.

De gielsnaffelekster is fysiologysk goed oanpast oan 'e hjitte simmers yn 'e Sintrale Delling fan Kalifornje. Dizze fûgel hat dêrtroch minder lêst fan oerferhjitting en hjittestress as de Amerikaanske ekster (Pica hudsonia).
It nêst fan 'e gielsnaffelekster, dat troch it mantsje en it wyfke tegearre boud wurdt, bestiet út in stevige kom fan tûken en twigen, dy't fan binnen tichtsmaard is mei modder en oerdutsen mei de woartels fan gerzen en oare sêfte materialen. Oer de kom hinne sit in trochlittige kape of koepel fan tûken en twigen om foar te kommen dat rôffûgels it lechsel opfrette kinne. It nêst hat ornaris mar ien inkele yngong. It wurdt yn 'e regel boud boppe-yn in beam, op in hichte fan likernôch 14 m boppe de grûn, en gauris oan 'e útein fan in grutte sydtûke, sadat ek fjouwerfuottige rôfdieren der net by kinne. Oars as de measte oare soarten eksters nêstelje gielsnaffeleksters yn koloanjes en mar komselden allinnich. Se fertoane wol territoriaal gedrach, mar dat is beheind ta it nêst sels en it direkte om-en-by.
Hoewol't gielsnaffeleksters pearkes foarmje dy't faak jierren byinoar bliuwe, komme pearings mei oare soartgenoaten dochs wol gauris foar. It mantsje docht dêrom nei syn eigen pearing mei it wyfke faak oan partnerbewekking, wêrby't er it wyfke allegeduerigen efterfolget om foar te kommen dat in oar mantsje de kâns krije sil om mei har te pearjen. Dat duorret oant it earste aai lein is.
It lechsel bestiet ornaris út 5–7 aaien en de briedtiid duorret 16–18 dagen. De piken binne nêstbliuwers, dy't keal, blyn en helpleas út it aai komme en wikenlang ôfhinklik binne fan fersoarging troch de âlden. It mantsje en wyfke foerazjearje allebeide foar de piken, dy't in dieet fan yn haadsaak ynsekten foarset krije. Mei likernôch 30 dagen fleane de piken út. Se beselskipje de âlden dêrnei noch ferskate moannen by it foerazjearjen en it rêsten oant se tsjin 'e hjerst har eigen wei geane. Wyfkes fan 'e gielsnaffelekster binne geslachtsryp mei 1 jier, mar mantsjes pas mei 2 jier. De libbensferwachting bedraacht 7–8 jier.

Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielsnaffelekster is in omnivoar dy't syn kostje op 'e grûn byinoar foerazjearret. Hy fret benammen ynsekten, yn 't bysûnder sprinkhoannen, mar ek wol oar wringeleas dierte, ies, ikels en oare nuten, beien en oare fruchten. It fretten fan plantaardich materiaal is foar de gielsnaffelekster fierhinne beheind ta de hjerst en de winter. Soms wurde ek lytse kjifdieren bejage. Fierders trochsykje gielsnaffeleksters ek ôffal dat efterlitten is troch minsken en wurde se oanlutsen troch dwingers en farsk slachte karkassen op ranches en boerespultsjes.

Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e gielsnaffelekster binne ferskate soarten haukfûgels en ûlen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielsnaffelekster hat de IUCN-status fan "kwetsber", wat it leechste is fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid (de oare beide binne "bedrige" en "krityk bedrige"). Dizze soarte hat te lijen ûnder de oanhâldende útwreiding fan minsklike aktiviteiten yn 'e Sintrale Delling fan Kalifornje, dy't soargje foar habitatferlies en habitatfragmintearring. It gebrûk fan fergif om kjifdieren te bestriden liedt ek by gielsnaffeleksters ta fergiftiging, mei't de fûgels de kadavers fan 'e deade kjifdieren opfrette. Gielsnaffeleksters rinne ek it risiko op leadfergiftiging trochdat se de leaden kûgels opfrette dêr't ies mei deasketten is.
In oanboazjend probleem is fierders klimaatferoaring, dat yn Kalifornje simmerdeis liedt ta almar fierder oprinnende temperatueren, en oer it hiele jier ta feroarjende delslachpatroanen. Ekstreem waar en oanhâldende drûchte kin sels dizze oars goed oanpaste fûgels net oer.
En dan is der noch it West-Nylfirus, in firussykte dêr't kriefûgels oer it algemien fetber foar binne, mar de gielsnaffelekster yn 't bysûnder. Der wurdt rûsd dat tusken 2004 en 2006 50% fan 'e hiele wrâldpopulaasje fan 'e gielsnaffelekster oan dat firus deagie. It West-Nylfirus wurdt oerbrocht troch langpoaten, dy't har fuortplantsje yn oerflaktewetters, en de gielsnaffelekster libbet yn 'e neite fan dyselde oerflaktewetters. Yn 2020 waard de wrâldpopulaasje fan 'e gielsnaffelekster troch BirdLife International rûsd op 400.000 folwoeksen yndividuën.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielsnaffelekster is in monotypyske soarte, wat ynhâldt dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

