Simonsberg
| Simonsberg / Simonsberag | ||
| Lokaasje gemeente Simonsberg (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Nordsee-Treene | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 815 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 17,48 km² | |
| Befolkingsticht. | 47 ynw./km² | |
| Hichte | 5 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 25813 | |
| Offisjele webside | ||
| sim.kniese.info | ||
| Kaart | ||
Simonsberg (Noardfrysk: Simonsberag; Deensk: Simonsberg) is in plak en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. Simonsberg leit yn it amt Nordsee-Treene en hat 815 ynwenners (2024).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak is mei syn tsjerke trije kear troch stoarmfloeden ferswolge en dêrnei hieltyd fierder ynlânsk wer opboud. De foarlêste tsjerke hat 110 jier lang bûtendyksk op in terp op it waad stien. De ynwenners koene dêrom allinnich by leech wetter tsjerkje. Bysûnder is dat de hjoeddeiske doarpsstrjitte oant 1579 it wetter fan de Noardsee oan 'e súdkant opkearde en letter, fan 1717 oant 1860, de floed oan 'e noardkant keare moast.
Yn 1829 waard de bûtendykske tsjerke ôfbrutsen en ferfongen troch de hjoeddeiske Sint-Salvatortsjerke. De arsjitekt fan 'e tsjerke is de ferneamde klassisistyske arsjitekt Christian Frederik Hansen.
Yn 1860 kochten de ynwenners fan 'e Deenske kening lân om de Simonsbergerpolder te bedykjen. Yn 1934/1935 folge it ynpolderjen fan 'e Finkhaushalligpolder en nei de Stoarmfloed fan 1962 folge de lêste ynpoldering fan 'e gemeente.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
