Witsum
| Witsum / Wiisem | ||
| Lokaasje gemeente Witsum (read) op it eilân Föhr yn Noard-Fryslân. | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Föhr-Amrum | |
| Gemeente-yndieling | 1 doarpskearn | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 45 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 1,59 km² | |
| Befolkingsticht. | 28 ynw./km² | |
| Hichte | 8 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 25938 | |
| Offisjele webside | ||
| www.witsum.de | ||
| Kaart | ||
Witsum (Noardfrysk: Wiisem) is in gemeente op it eilân Feer yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Föhr-Amrum en hat 45 ynwenners (2024).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Witsum waard yn 1509 foar it earst skriftlik neamd. As ûnderdiel fan Westerland-Föhr (it westlike part fan it eilân) hearde it doarp histoarysk sjoen ta de saneamde Deenske keninklike enklaves. Dat betsjutte dat it gebiet streekrjocht ûnder it keninkryk Denemark foel, wylst Osterland-Föhr (mei it plak Wyk) by it hartochdom Sleeswyk hearde. Pas nei de Dútsk-Deenske Kriich fan 1864, doe't Denemark de kontrôle oer Sleeswyk ferlear oan Prusen, kaam ek Witsum by Sleeswyk-Holstein (en letter it Dútske Ryk) te hearren.
Referindum fan 1920
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By it referindum fan 1920, dat de nije Dútsk-Deenske grins bepale moast, stimde de befolking fan Witsum en de buorgemeente Utersum (ynklusyf it hjoeddeiske doarpsdiel Hedehusum) yn grutte mearderheid foar in oansluting by Denemark. It wiene dêrmei de iennige gemeenten yn 'e saneamde Sône II (it hjoeddeiske Noard-Fryslân) dy't foar Denemark stimden. Om't de gemeenten lykwols net streekrjocht oan 'e nije grins kamen te lizzen mar in stik súdliker op it eilân, bleau it gebiet dochs by Dútslân.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
