Wittbek
| Wittbek / Witbek | ||
| Lokaasje gemeente Wittbek (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Treene | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 795 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 19,91 km² | |
| Befolkingsticht. | 40 ynw./km² | |
| Hichte | 25 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1 april 1934 | |
| Postkoade | 25887 | |
| Offisjele webside | ||
| www.amt-treene.de | ||
| Kaart | ||
Wittbek (Noardfrysk: Witbek; Deensk: Vedbæk) is in gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Treene en hat 795 ynwenners (2024).
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wittbek leit midden op 'e Sleeswykske geast op in hichterêch westlik fan it streamgebiet fan 'e Treene. Krekt oer de súdlike gemeentegrins, yn 'e buorgemeente Ostenfeld, leit de Sandesberg. Mei 53,5 meter is dat it heechste punt fan 'e hiele kreis Noard-Fryslân.
Njonken de haadkearn Wittbek lizze ek de buorskippen Osterwittbekfeld, Westerwittbekfeld en Sprüng op it grûngebiet fan 'e gemeente.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant de Dútsk-Deenske Oarloch fan 1864 hearde it doarp by de parochy Ostenfeld (Deensk: Østerfjolde Sogn) yn it distrikt Sidergoes yn it hartochdom Sleeswyk, dat ûnder de Deenske kroan foel. Nei't Prusen de hartochdommen Sleeswyk en Holstein anneksearre, waard út de âlde parochy in saneamde Kirchspielslandgemeinde foarme mei de trije doarpen Ostenfeld, Winnert en Wittbek. Op 1 april 1934 waard de parochygemeente opheft, wêrtroch't alle trije doarpen folslein selsstannige gemeenten waarden.
In opmerklik histoarysk feit út de tiid fan it nasjonaalsosjalisme is dat de hiele befolking fan Wittbek fiif kear efterinoar mei 100% fan 'e stimmen foar de NSDAP stimde. Neffens in berjocht yn 'e Husumer Nachrichten naam Adolf Hitler dêrop it eareboargerskip fan it doarp oan. Dat eareboargerskip is letter yn 'e skiednis offisjeel wer ynlutsen en opheft.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wittbek waard yn 1423 foar it earst skriftlik neamd as Widbeke. De plaknamme is in gearfoeging fan twa wurden. It efterste part komt fan it Deenske wurd foar beek (Deensk: bæk). It earste part, Witt, komt fan it Alddeenske wurd foar bosk (Alddeensk: with, Nijdeensk: ved), dat letter yn it Nederdútsk oernommen is. De betsjutting fan de plaknamme is dêrmei safolle as "Boskbeek".
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
